Weppers moandei 12-10-2020

Sneon 10-10-2020
9 oktober 2020
Weppers freed 16-10-2020
16 oktober 2020

It Meinte-Sixmatoernoai

Sa ’t it no liket kin kommende woansdei it Meinte-Sixmatoernoai foar de jeugd oant en mei 12 jier noch altiten trochgean. Er meie allinnich gjin âlders en pakes en beppes lans de kant stean. De bern moatte yn de fuotbalklean nei it sportpark komme. Der is al limonade. Meld je by it loket sadat je heare kinne by wa ’t je sitte. Der dogge 65 bern mei. Dit is it maksimum. Mar fêst in soad wille tawinske!

2019 Meinte Sixma toernoai

SDS 4 stiet klear mar se kamen net……

Der is neat minder as fuotballer as it fuotbal net trochgiet:  at it op it alder lêste momint ôflast wurdt. It oerkaam SDS 3 in wike lyn en oerkaam SDS 4 ôfrûne sneon. Se stiene klear op it fjild  en wachten geduldich. In tillefoantsje nei Ljouwert makke dúdlik dat se net ferdwaald wiene mar dat se gewoan net kamen.

Yn 1981 (hast 40 jier lyn) hie ien fan de fuotballers fan SDS 3 ek argewaasje oer dy selde swellen út Ljouwert, dy’t hiel let ôfbellen omdat se bewearden dat it te wiet wie yn Ljouwert

De skriuwer fan dit stikje hat it noch altiten net stean op de Sweltsjes dy’t wol faker sokke streken hawwe.

Allert

Allert Turksma soe sneon balje mei SDS 4. It gie net troch. Sjoch hjir boppe. De technyske stêf fan SDS 2 seach yn it skoft wat blessures oankommen en helle Allert Turksma fan it oefenfjild ôf, wêr’t hij meij de jonges fan 4 noch wat balle) om eventueel yn te fallen bij SDS 2. Dat ynfallen barde krekt foar tiid. Mei in gouden resultaat. In foarset yn de “dying sekonds” en de 4-3 kaam op it skoareboerd.

Programma sneon

Kommende sneon in lyts programma op de Skoalleseize. SDS 1, SDS JO10-1 en SDS 3 meie wol oantrede. Der binne ek trije útwedstriden: SDS/Nijland 15-2, SDS/Nijland 17-1 en SDS 5 dat no wol nei Burgum moat.

Gjin OFK

De organisaasje fan it Iepen Frysk Kampioenskip sealfuotbaljen hat al bekend makke dat der begjin jannewaris gjin OFK is yn Frjentsjer.

SDS-League

De teams foar de nije SDS-League streame alwer binnen. It binne mei nammen de SDS’ers om útens dy ’t der rap by binne. Mei Tsjalling Sikma en Okke van der Kamp hawwe Grietzen Broersma en Hendrik Eringa harren nije team ek al ynlevere.
Je kinne je nije team noch ynleverje oant sneon 18.30 oere.

Foto’s

Fan in hiel soad senioarenfuotballers fan SDS steane der nije foto’s op de teamsides hjir op de webside. Wy binne benaud dat wy it net kompleet krije de kommende wiken……………

Harsens derby (2262)

Ho………..