De nije SDS League
1 februari 2009Weppers tiisdei 3-2
2 februari 2009 Tomorrow Net traine
Goeiejoun heren!
Moarn (tiisdei) spilet SDS 1 yn Snits tsjin Snits 2 op keunstgers.
De hele seleksje giet mei, we fertrekke om 18.15 oere.
Groetnis
Dick
PS: Dooitze, dit is deselde club wer dat we oars wol op tongersdei trene…..
De froulju traine jûn net.
Anke
Beide skuon mei
Foar de trainingen fan moandei 2-2-2009 fuotbal– EN rinskuon meinimme!
Sawol de A- as B-junioaren!
Klaas Pompstra
Traine yn de seal
E1 , E2, E3, E4 en F3 traine dizze wike yn de seal. Sjoch
Moaie jûn
Wat in moaie sneontejûn. Sc Hearrenfean wint fan Ajax. In boeiende wedstryd mar in hichtepunt wie it dochs ek wol it byld wêryn it gefoel fan dizze Ajax supporter wol hiel treffend nei foaren kaam…tusken de Hearrenfean supporters. Sjoch dit byld.
Lokwinsken
Bêste minsken,
by dizze wol ik ut namme fan alle Feanfans, dank sizze foar alle felisitaasjes dy’t wy oant no ta fan
Ajax supporters krigen ha. Mannen sa as Daan, de gebroeders Postma, Floris, Andrew en fêst noch in oantal binne al sa sportyf west.
Fan in oantal misse wy noch in felisitaasje, sa as fan; Eeltsje, Jelmer, Hjalmar, Fred, Bas en Robert H.
As wy gjin kampioen wurde, dan kin dat noch oant de play – offs.
Groetnis, de SDS – Feanfans.
SDS League
In soad minsken moatte harren nije team foar de SDS League noch ynleverje. Fan inkelden hawwe wy de teams noch net binnen, mar witte wy no al op wa ’t sy gokke:
Jeroen Brouwer – VandenBussche HEE)
(Jeroen waard ôfrûne sneon yn ferfiering brocht troch it keeperswurk fan Vandenbussche tsjin Ajax)
Habtamu de Hoop – Ben Sahar (GRA)
(meast bekend om syn ôfkeurde goals..)
Johan Delfsma – Smárason(HEE)
(grutte revelaasje by SC Heerenveen)
Tsjalling Sikma – Luis Suarez (AJA)
(lykje as 2 druppels wetter op mekoar)
Lolke Hofstra – Demouge (WII)
(brocht him foar de winterstop 2 wykprizen)
Doch ek mei oan de SDS League!
Klik hjir foar it formulier.
Skiedsrjochters derop út
Sneontemiddei binne de skiedsrjochters fan Snits e.o. mei de bus nei FC Köln – VfL Wolfsburg west. Sa koe it dat Douwe Dirk Reitsma op de tribune nêst Jaap Kraak bedarre.
(de foto komt noch)
Linen
Net allinne bij SDS ek bij Ajax sykje se immen dy’t de linen útset. Sjoch hjir.
Feyenoord en Verbeek
Wy tochten dat net ien snapte wêrom Gert-Jan Verbeek net slagge by Feyenoord. De frou fan Wilfred Genee hat der wol in passend antwurd op(klik hjir).
De “Hand van God”
Eltsenien kent it momint dat Maradona tsjin Engelân skoort, op it WK 1986, mei de hân. Der bine dêrnei net folle fergelykbere doelpunten fallen. Dizze komt in hiel ein yn de buert: