Weppers tiisdei 3-2

Weppers moandei 1-2
1 februari 2009
Betink in ûnderskrift!
3 februari 2009

Poeisz sponseraksje


Fanôf juster oant ‘e mei 28 maert kinne der wer sponsormunten garre wurde foar SDS.  By elke € 10.00 oan boadskippen en bij 80 sponsorpordukten ûnfange jo een gratisjeugdsponsormunt. Stopje dizze munt yn de koker fan SDS. Hoe meer jeugdsponsormunten wy sammelje, hoe heger it sponsorbedrag wurde sil. De munten kinne ynleverje wurde by Poiesz yn Skearnegoutum, dêr stiet ús koker. Doch allegear mei en dan sille we sjen hoe’t SDS scoort.
De Jeugdkommisje


SDS 1 oefent
SDS 1 sil jûn oefenje tsjin Sneek 2. De hiele A- seleksje is útnoege om mei te gean. Om 18.15 oere fertrekke.

Sealtraine
De SDS-froulju traine woansdeitejûn yn de seal fan 20.30 – 21.30. Eltsenien moat efkes €1,- meinimme.

Verandering trainingsavond(en) SDS 3  

Vanaf deze week traint SDS 3 niet meer op woensdag. De vaste trainingsavond is verplaatst naar de donderdag. Het 3e zal dan gewoon trainen krijgen van Harm Abma. Het verschil is dat de groep 3e spelers wordt aangevuld met jongens van het 2e, die de eerstvolgende zaterdag bij het derde op papier staan.  Hierdoor hopen wij dat het niveau in de trainingen en de wedstrijden omhoog zal gaan, omdat we met het ´vaste´elftal trainen.

De training is alleen voor spelers van de C selectie. Dit betekent dat de jongens van het 4e en 5e helaas niet meer met ons mee kunnen trainen.

Op dinsdagavond is er ook de mogelijkheid om met de B selectie mee te trainen. Klaas Okkema zal deze training verzorgen. Klaas wil duidelijk weten hoeveel spelers hij op dinsdag kan verwachten, dus moeten wij de namen op papier hebben van de jongens die 2 keer per week gaan trainen. Wij als leiders waarderen het erg als je jouw inzet toont door 2 maal per week op trainen te verschijnen.

Als je op dinsdag niet kunt trainen dan meld je je tijdig af bij Klaas Okkema (0515 332221).  

Als je op donderdag niet kunt trainen dan meld je je tijdig af bij Jan Stenekes (0628068051)

Laat het duidelijk zijn dat, vanaf deze week de donderdag de vaste trainingsavond van het derde is. De mogelijkheid om dinsdags ook te trainen heeft Klaas ons geboden!

We maken er nog een mooi seizoen van, zodat het 3e gewoon in de 3e klas blijft!!!!
Jan Stenekes

Ferliezer
Neist de sportive ferliezers fan Ajax binne der ek minder sportive ferliezers.
Hagoeie, 
No, gefeliciteard mei die swalbe fan Beerens. En Roelof “Slokje” Luinge trape der yn. Der is wolles wat kritiek op Suarez mar die Beerens is de nije Lurling! Ik ha sels gjin felisitaties hân foar Liverpool – Chelsea 2-0. Op 2 mei sit dizze jonge wer op Anfield bij de kampioenswedstriid tsjin Newcastle.
 
Freddie

Kompetysje
De KNVB hat nei it ôflassen fan de wedstriden fan ôfrûne sneon it programma wer wat omsmiten. SDS 1 spilet sneon thús tsjin VHK en wyks derop(14 febrewaris) thús tsjin Olympia ’28. Op sneon 21 ferewaris mei SDS 1 út nei Heerenveense Boys.
Sjoch
hjir foar it programma fan alle SDS-alvetallen foar de kommende 4 wiken.

SDS League
De transferperiode yn de Eredivisie sit derop en it formulier foar de SDS League is oanpast tot op de lêste transfer. Meitsje gau in nij team, want wy wolle namelijk graach op 7 febrewaris wer begjinne. It formulier moat dan dus ek ynlevere wêze. Klik
hjir foar de nijste spilerslist. Hjir kinne jim alles oer de SDS League lêze.

De Treffer
It sjit alwer aardich op mei de nije Treffer. Hawwe jim noch wat foar yn de Treffer, mail dat dan foar moandei nei detreffer@vv-sds.nl.

Carlos Juan Oentelaar
Klaas-Jan Huntelaar is troch Real Madrid net ynskreaun foar de Champions League. Dochs is hy no al aardich populêr by de fans fan Real Madrid. Sy hawwe sels al in alderaardichst ferske foar him makke. Soksawat soe oars ek net misstean as kluplied foar SDS(“SDS, SDS, SDS,SDS”). Miskien kin Freddy der wat mei?