Weppers freed 9-12

Weppers tongersdei 8-12
8 december 2011
Seleksjes sneon 10-12
9 december 2011

B1
De B’s fuotbalje moarn thús om 10.00 oere. Mar se moatte om 9.15 yn de boks wêze.

SDS 3 13.00 fuort
No ’t de wedstryd fan SDS 3 út tsjin Blauw-Wit ’34 net om 14.45 begjint, mar om 14.30 wol Jan graach wat earder fuort. Dus 13.00 fertrekke út Easterein.

Krystmerke
Hjoed is der in krystmerke yn Easterein. Troch it gebrek oan snie en kjelt is it net bûten mar yn de loads fan Vellinga op de Sibadawei. Fan 15.00 oant 21.00 oere.

C1 topper
Sneon hat SDS C1 ek in topwedstriid. Om 10,10 oere yn it plak mei dy moaie namme. En …op keunstgers.
Oanmoedigings binne wolkom.

SDS-frouljustoernoai
Nije wike sneon 17 desimber is it SDS-frouljustoernoai foar de froulju en famkes fan SDS DA1, DA2 en MC1. Wa ’t meidwaan wol kin harren opjaan by Sietske Okkema of Jildou Jorritsma. It begjint om 19.00.

Foarútsjen
SDS stiet SDS 1 – it Fean 1 op it programma. Dy klups hawwe elkoar wol faker troffen. It resultaat sjogge jim
hjir.

Foar yn de aginda
Hallo voetbalvrienden en -vriendinnen,
Vrijdagavond 20 januari om 20:00 komt er een speciale avond voor scheidsrechters grensrechters en iedereen die hier meer van wil weten.
Aan de hand van beeld en geluid zullen Douwe Dirk Reitsma en Andre Vink het een en ander uitleggen over alles wat er in en rond het veld gebeurd.
Schrijf het in de agenda, want deze avond wil je niet missen.
Groetjes Andre

Zagreb
Dizze foto draacht bij oan it fertochtmeitsjen fan de spilers fan Zagreb at sij it stadion ferlitte. Sa gyngen sij nei hûs woansdeitejûn.

Jierdei (1)
Wol leuk sa’n jierdeikalinder, mar dan moat je der wol alle dagen efkes op sjen. En dat wiene wij fergetten. Dêrom noch de lokwinsken fan Symen Mc Donald út Reahûs dy’t woansdei 10 wurden is.

Jierdei (2)
Ek yn Mantgum wie der yn 1984, de fergetten winter, in flinke snieperiode, wêrbij Oebele en Doet Anema de doar net útkoene. Skelte waard 9 moannen letter berne. Fan herte lokwinske 

Net fuotbalje, dan kaarte of darte
Mocht it fuotbaljen sneon net trochgean dan kin der kaarten of darten wurde yn de kantine.
It begjint om 13.30. We dogge 3 bomen. De ynlis foar it kaarten is € 3.00 en foar it darten € 1.00.
Groetnis,
Anny

Seleksjes
Wij binne benijd at der justerjûn ek seleksjes gearstald binne foar sneon. Dan letter hjoed mear dêroer.

Programma sneon

     
10:00 SDS B1 – Renado/VVI B1  
12:00 SDS A1 – Lemmer A1  
12:00 SDS 5 – Franeker SC 4  
14:00 SDS 2 – Blauw Wit ’34 2  
14:30 SDS 1 – Fean’58 1  
10:30 Oudehaske C1 – SDS C2  
10:10 AVC C1 – SDS C1  
09:00 Frisia D2 – SDS D1  
11:00 Mulier DA1 – SDS DA2  
12:45 Oudega DA1 – SDS DA1  
14:00 Lemmer 2 – SDS 4  
14:45 Blauw Wit ’34 3 – SDS 3
 

Topper SDS 5

Foardat SDS 5 sneontemiddei in útsje hat, wolle se earst noch efkes winne fan sc Franeker. Mei wat sponsers en in folle bak moat dat slagje.

Vertrektijden voor het ‘uitje’ van SDS 5
De Wommelsers worden om 16.45 uur verwacht bij het Reade Hynder. En de Eastereiners om 16.45 uur bij café Bergsma.
We gaan met een taxi naar Sneek.
Groet Christiaan en Gert-Jan.

Harsens derby (630)
Ien fan de wepmasters wie ein 1983 hast 8 jier, mar wit noch as de dei fan juster dat Nederlân net nei it EK 1984 gie om ’t Spanje mei 12-1 fan Malta wûn. Hjir hat hy woansdeitejûn noch gauris oan tocht: