Weppers freed 8-8

Weppers tongersdei 6-8
5 augustus 2008
Weppers sneon 9-8
9 augustus 2008

Knots

Willem Wijnia stiet bij de Freule partij meast bij it stek om te kontrolearen at elkenien wol in lânkaart hat en gjin bier mei nei binnen nimt. En wolle de minsken net omlyk dan hat hij altiten wat efter de hân.

Sneon trainingsdei
De A en B seleksje binne dizze wike úteinsetten mei it trainen. Moarn is der in echte trainingsdei. Mei om 15.00 oere in oefenwedstryd fan SDS 1 tsjin Bolswardia en in oefenwedstryd fan SDS 2 tsjin Heerenveense Boys 2(Oeverzwaluwen 2 koe net). Wat dus efkes sjen wol hoe’t it der foar stiet mei SDS 1 en 2 nei ien wike trainen en in Freuledei moat seker efkes komme.

Dreech
Dirk-Yde Sjaarda krijt it noch dreech yn Beijing mei syn Fryske flage(klik hjir).

Traine
SDS 2 hie juster syn earste training fan it seizoen. Foar inkelden like it heech tiid om wer ris te fuotbaljen. It wie namelijk net te merken dat Hjalmar Ruiter en Eeltsje Postma fan ’t simmer dochs geregeld oan it WK meidien hawwe. Noch foar de training begûn lei harren bal al 2 kear yn de sleat……

Fierljeppe
Ferline jier diene wij in oprop oan ris in kear bij it fierljeppen yn Winsum te sjen, ek al omdat ien fan ús dêr hast nea mist. Dy oprop holp: der wiene meardere SDS-ers dy’t it meimeitsje woene. Moarn is yn Winsum it Frysk kampioenskip en dat beloofd in geweldige striid te wurden wêrbij sprongen fan 20 meter nedich binne om kampioen te wurden. En wa’t it noch nea sjoen hat: gean der in kear hinne. Sels de kommentator is de muoite al wurdich om der hinne te gean.

De appel en de beam(1)
Yn dit filmke sjogge jim dat de appel net fier fan de beam falt. Hjir Enzo Zidane, de soan fan, yn aksje.