Weppers freed 7-4

SDS-League: Salestijgers pakt wykpriis!
6 april 2017
Sneon 8-4-2017
7 april 2017

SDS 1 nei Bant

SDS 1 siet earder twa seizoenen bij Bant yn de kompetysje: 2014/2015 en 2009-2010. De statistiken binne goed: Noch nea ferlear SDS yn Bant…… Sjoch hjir foar de histoarje.

Seleksje SDS 1

SDS 1 (28 punten) moat nei Bant dat 26 punten hat. De folgjende spilers sille de trije punten meinimme nei Easterein:
Bauke, Jacob Klaas, Teun, Wiebe, Remco, Tsjipke, Lourens,Jelmer, Jaap, Elger, Frank, Gerwin, Peter en de hear Robert Sijbesma.
Robert treft it moarn, want de seleksje sil yn buskes nei Bant.

Seleksje SDS 2

SDS 2 soe samar kampioen wurde kinne op dizze sneontemiddei yn april yn Easterein.  Tsjinstanner is Mulier 2. De folgende spilers meitsje diel út fan de seleksje, dy’t om 13.30 der wêze moatte:
Hendrik, Marten, Feite, Pieter K, Stefan. Ewout, Martijn, Jurjen, Bote, Jort, Tjeerd, Ralph, Dirk, Arjen, Gerrit en Willem.

De wedstriid begjint om 14.30 oere.
Fansels komme Anne, Jesse, Jentsje, Pieter de Vries, Allert, Wietse en Sjoerd ek, want sy hawwe wol nocht yn in kampioensfeestje en hawwe harren stientsje dêr ek oan bydroegen.

Seleksje VR1

SDS VR1 wol sneon wer in kear winne. Dan sil VVI VR 1 it slachtoffer wurde moatte. Om 14.30 kinne jim it sjen yn Easterein. De folgjende spylsters dogge mei:
Alize, Hester, Akke Rixt, Amarins, Gerry Edou, Alissa, Geeske, Tjitske, Sieta, Sanne Rixt, Christa, Agnes, Janieke en Jeska.
Bertus Bootsma is nei syn niertransplantaasje werom as flagger……..

SDS 4 nei Hylpen

SDS 4 reizget om 11.0ere ôf nei ien fan de 11 stêden. Hielpen 2 is om 12.30 te tsjinstanner. De folgjende spilers gean mei:
Steffen, Klaas Bouke, Rick H, Gert Jan, Jelte, Igor, Doede Douwe, Thomas, Ruun, Eeltje, Wouter Jan, Martijn, Doede, Peter en Jorrit.

SDS 3 nei Seisbierrum

Earder waard de wedstriid útsteld, benijd at it no wol wat wurdt tsjin AVC 3. SDS 3 moat de folgjende spilers dwaan:
Ids, Wichard, Harm Auke, Tjeerd,  Auke, Gert Jan, Jan Simon, Henk, Hans, Peter, Ype, Pieter Lieuwe, Jeroen en Ronny.
De mannen gean om 13.20 fuort

Efkes Balje

Jûn om 19.30 wer efkes balje.

Teamfoto’s

Wij misten noch wat foto’s en nei in oprop binne de earsten dus binnen. Wij besykje it noch ien kear mei in oprop. Dus graach kommende sneon  de folgjende teams efkes op de foto:
JO 17-1
JO 17-2
JO 15-1
JO 15-3
JO 13-2
JO 13-3
JO 9-3
De foto kin maild wurde nei sds-nijs@home.nl

Op de Kanaryske Eilannen

SDS-stiper Jelle de Jong en SDS 3-flagger Daan Boersma sitte dizze wike op de Kanaryske Eilannen. Sy troffen dêr ek noch in âlde bekende:

 

Harsens derby (1866)

Dizze kin net mis……………………..