Weppers freed 7-12

SDS League: Ozzy pakt wykpriis!
6 december 2012
De grinsrjochter
7 december 2012

Sneon gjin fuotbal
Der is sneon gjin fuotbal sa’t elkenien wol wit. De KNVB hat it fanwege treurige feiten ôflast.
Dat komt efternei sjoen goed út. Want it is wol wis dat it it programma der oars ek útflein wie. It wurdt in betide stille sneon en no mar hope dat der sneon kuorkebaljen yn de sporthal is(!)

EB of ESB
It Efkes Baljen wurdt jûn fansels neat. Mar miskien binne der wol leafhawwers foar Efkes Snie Balje.

A.Hak sealtoernoai foar D-pupillen en famkes
Hoi D-pupillen (en famkes fan 2001 en 2000),
Sneontemoarn 15 desimber wurdt yn sporthal de Greidhoeke it A.Hak sealtoernoai spyle.
Fia dizze link kinst dy opjaan.
Do
dochst dochs ek mei!!!
Namens de jongerein kommisje
Hans v/d Schaar 06-26785381

Sealtoernoai MC1 en DA2
Het zaaltoernooi voor de MC1 en DA2 zal plaatsvinden op zaterdag 22 december van 17.45 uur tot ongeveer 20.00 uur. Opgeven kan nog tot 10 december!
Opgave bij Geartsje: g_klaversma@hotmail.com.

Sealtraine
Woansdeitejûn traine de froulju fan SDS 1 fan 21.30-22.30 yn de seal yn Easterein.

Sealtraine(2)

Sneon (foar de B-seleksje) om 14.30 oere sealfuotbalje yn Easterein.
De folgjende spilers wurde ferwachte:Ayanle, Sjoerd v. B., Bauke, Jelte Pieter, Gerrit, Feite, Jan Simon, Hendrik de J., Sytze K., Arjen L., Henk P., Sjoerd R., Anne S., Jort, Bote, Robert, Willem en Marco.


Alde doaze
De âlde doaze is noch net leech, sadat wij der wer
wat útfiske ha. Wannear dit krekt wie, witte wij net en wa’t dit allegear binne sjogge wij ek net gelyk, mar at immen ús helpe kin graach. Mail ús dan.

PSV
Miskien wiene jim it ek fergetten mar justerjûn wie der Europeesk fuotbal. Wij hawwe fernommen dat it sjochsifer tige leech wie. Wij skatte yn dat yn alle gefallen HAD, GJH en JSJ bij dy pear sjoggers wiene.

Follyballen
Foar wa ’t moarn net wit wat te dwaan dy kin altiten noch efkes fanôf 17.15 yn de sporthal sjen. De manlju fan COVOS moatte dan follyballe en de froulju meie om 19.15 los. Binne je der dochs noch efkes út.

Harsens derby(907)
Der is mar ien dy ’t in fuotbalwedstryd sa oankondigje kinne dat je al foar de wedstryd zappe. Wy litte him altiten noch efkes stean: