Weppers freed 7-11

Weppers tongersdei 6-11
5 november 2008
Seleksjes sneon 8-11
7 november 2008

Sponsers fan de wedstryd
SDS 1 hat sneon al wer in thúswedstryd. Oeverzwaluwen, de eardere klup fan trainer Dick Schuurman. De wedstryd sponsers binne:
Teledatacom fan Snits en Vriedanhûs– fan Koudum

SDS – Overzwaluwen
Beide ploegen hawwe in histoarje meielkoar. Dat wurdt
treflik yn byld broch troch it oersicht fan 
VoetbalNederland

Seleksjes
Letter hjoed de seleksjes fan sneon. Alle alvetallen sitte wer tige rom yn de spilers. 

Ferslach WPB 1 – SDS 1
Fansels hat ús ferslachjouwer Siem Sikma ek wer in stikje skreaun oer de wedstryd fan ôfrûne tiisdei tusken WPB 1 en SDS 1 (klik hjir).

Fan 12 nei 14?
It soe wolris wêze
kinne dat de earste en twadde klassen fan 12 nei 14 ploegen geane yn de kompetysje. Twa finansjeel oantreklike thúswedstriden of twa ferfelende en djoere útwedstriden der bij. Sjoch
hjir. 

Rûnom Easterein
Supporters, famylje en freonen en oare belangstellenden binne snein fan herte útnoege om it fytsen fanút it Kafee Bergsma te belibjen! It hiele peloton sil twa kear troch ik Kafee hinne fytse! Boppedat sil der ferslach útbrocht wurde fan de koers troch Sjoerd van Beem en Tsjerk Kooistra (regisseur Iepenloftspul Jorwert) fanút in folgauto. Dit sil live te hjearren wêze yn it Kafee! 
Reden genoch dus om kommende snein fanof 14.00 oere
efkes yn Bergsma te sjen! Nei ofrin kinne jimme dan genietsje fan it optreden fan Jan Nota út Tsjerkwerd! 
Sa beloofd it in tige gesellige snein te wurden!
Dirk-Yde

Groetnis út Ecuador
Hoi SDS ers, 
Fanut Ecuador wol ik jim witte litte dat ik tige bliid bin dat SDS mei 3-2 wun hat fan WPB. Fierder alle teams (en speciaal SDS 5) een protte sukses ta winske. Juster binne we oankaam yn Ibarra en ha we traint. De taksi brocht us nei it voetbalstadion toen wy seine dat we foar it WK keatsen kamen. Der wie it net, it wie een gans lytser stadion wer wy it dwaan moate. Omdat we allegjer oranje sjurts oan ha hiene se gau yn e gaten dat we ut Holland kamen. Se funen it foaral jammer dat Nederland yn 1978 de finale fan it WK voetbal fan Argentinie ferlern hat. Dat leit hjir krekt sa as Nederlan en Dútslan. Fierder ek nog sukses mei de fietserij oankommende snein,
gr Sipke

Fuotbalhumor
Sa ’t jim witte frette wy fuotbalhumor. Hjir kinne wy b.f. smakelijk om gnize.

Net handich
Der binne noch altiten spilers dy ’t net begripe dat as je fan de skiedsrjochter in giele kaart krije je dizze net hâlde meie: