Weppers freed 6-9

Doch ek mei oan de SDS League!
5 september 2013
Utslaggen sneon 7-9
6 september 2013

Seleksje SDS 1
Ewout, Feiko, Grytzen, Kristian, Jacob Klaas , Wytze, Jelmer, Marco,  Dirk Yde, Jaap, Mark, Sjoerd, Ayanle, Anne
Tsjinstanner: de Wâlde 1
Oanwêzich: 13.00
Spylje: 14.30
Ass. skiedsrjochter: Friso ?
Wedstriidklean?

Seleksje SDS 2
Wietse, Bauke, Jelte Pieter, Gerrit, Feite, Hendrik, Bote, Jort, Ralph, Jesse, Willem, Sytse, Andries
Tsjinstanner: Wikels Hallum 2
Fuort: 12.30
Balje: 14.30
Riders: Gerrit, Jelte Pieter, Willem, Bote

Seleksje SDS 5
Auke,Hans, Harm, Jan Simon, Jappie, Robert S, Ronny, Rudy, Tjeerd, Gerlof Jan, Pieter, Ids, Broer Jacob, Pytrik
Grinsrjochter : Daan Boersma
Fêste supporter: Bertus Bootsma
Tsjinstanner Makkum 3
fuort: 13.15
spylje: 14.30

Seleksje A1
SDS A 1 – Scharnegoutum/Nijland A1
Bouke, Remon, Ruurd, Jurjen, Martijn, Pieter W, Teun, Wiebe, Pieter de V, Lourens, Almar, Allart, Foeke, Stephan K.
aanwezig 11.15,
voetballen 12.15

oant moarn, Boudewijn/Durk.

Efkes Balje
It liket hjoed wer in moaie jûn te wurden om jûn Efkes te Baljen. 19.30 oere yn de Kuip fan Wommels.

Oefenje
Wij hawwe fia twitter wat opfongen oer in oefenwedstriid fan SDS 4 tsjin RES 3. Neffens dat berjocht it is dat jûn yn Boalsert.

De berch op
Lieuwe is trainer van MC1 en MC2 en leider van MC1 waarin dochters Fenna en Nynke spelen.
Deze week zijn de meiden met hun zusje mee naar Frankrijk om hun ouders te coachen!
Lieuwe en Joke gaan beide lopend de berg op voor het goede doel en Lieuwe zal dat ook nog op de fiets doen!
Sjoch
dizze link en dizze link

Programma
It programma foar sneon stiet
hjir.

Seleksjes
Letter hjoed kinne jim hjir de senioarenseleksjes foar sneon fine.

Giet wol troch
Yn Menameradiel en Tytsjerksteradiel kin net fuotballe wurde troch de drûge fjilden, mar by SDS hoefe wy dêr net oer yn te sitten. Juster waard it fjild wer folop sproeid. Dêrneist waard sneon lyk nei de lêste fuotbalwedstryd it gêrs meand, dus it gêrs is moai koart.

SDS League
Doch ek wer mei oan de SDS League! Der lizze wol formulieren yn de kantine(as sy noch net op binne en oars kinne jim der
hjir alles oer fine. It kostet mar 12 euries per heal seizoen, je stypje SDS en mei in bytsje gelok ek noch je eigen bankrekken!

Kompetysje-yndielingen jeugd
Alle kompetysje-yndielingen en -programma’s fan de jeugd steane no op de side fan desbetreffend jeugdteam. No de
leiders en trainers en de teamfoto’s noch en de flagge kin út.

SDS C1 ûnderút
SDS C1 hat justerjûn mei 2-5 ferlern fan Mulier yn in, wat wy begrepen hawwe, alderaardichste wedstryd.

Operere
Nei Jan-Friso Bruinsma kin him folgende wike noch in SDS’er melde yn it sikenhûs. Ek by de trainer fan SDS 2, Broer-Wiebe de Ringh, sil der yn syn knibbel sjoen wurde op de operaasjtetafel. Wy winskje harren súkses!

Smoes(1)
Fansels kinne je in hiel soad smoezen betinke as je net te trainen west binne en je hawwe net ôfbelle. Gerrit Flisijn hie juster de orisjineelste: “moandei begie it nije seizoen fan “Goede Tijden, Slechte Tijden”, dus ik tocht wy sille wol gjin trainen hawwe……..”

Smoes(2)
Sytse Hibma wie juster ek net te trainen en kaam ek mei in orisjinele smoes: “Ik sit no op it Iselmar en der is gjin wyn…………”

Smoes(3)
Foar it te let kommen op trainen hoef je tsjintwurdich gjin smoes mear te betinken. Dat is namelijk
in sykte en dêr kinne je hielendal neat oan dwaan………

Net Bale(3)
Gareth Bale is net allinnich de djoerste fuotballer ea, mar fertsjinnet ek it meast fan allegear.
Hjir kinne je moai sjen wat hy fertsjinne hat sûn ’t hy tekene hat by Real Madrid en wat hy der allegear mei dwaan kinne soe……………. Gean earst al efkes sitten foar ’t je klikke………….

Harsens derby(1107)
Spesjaal foar Ayanle hjir in machtige aksje fan Neymar: