Utslaggen sneon 7-9

Weppers freed 6-9
6 september 2013
Weppers snein 8-9
8 september 2013

Mochten jim fuotbald hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bijsûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en wat ik mar nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine:
0515-331700. Twitterje @ff-sds mei fansels ek.

    útslach
10:00 SDS D3 – Leovardia D5  1-1
10:30 SDS E2 – RES E2  3-3
   
12:00 SDS D1 – Oosterlittens D1  2-7
12:15 SDS A1 – Scharnegoutum-NijlandA1  7-1
14:30 SDS 1 – Walde De 1  1-3
9:00 Leovardia D3 – SDS D4  g.n.t.
10:00 Heeg E3 – SDS E4  5-3
10:10 Arum/Stormvogels’64 E2 – SDS E1  0-6
10:10 Stormvogels’64 F1G – SDS F1  
10:30 Franeker SC C2 – SDS C2  18-0
10:30 Oosterlittens D2 – SDS D2  2-4
10:45 Arum/Stormvogels’64 B1 – SDS B1  wo
12:00 Nicator VR1 – SDS VR1  
14:30 Wykels Hallum 2 – SDS 2  1-3
14:30 Makkum 3 – SDS 5  3-8

SDS 1 – De Wâlde 1
Beide ploegen wiene nei yn de tredde klasse. De Wâlde komt út de 4de en SDS komt út de 2de klasse.
SDS krige net folle tiid om te wennen oan de tredde klasse. De Wâlde siet der gelyk  boppe op en de rêst stân fan 0-3 wie net iens flattearre. De iene oanfal nei de oare fleach op doelman Jaap Toering ôf en der wie gjin kearen oan. Knullich balferlies en te ôfwachtsjend like de “taktyk” fan SDS.
De donderspeech fan Jaap de Blaauw dy’t yn Itens te hearen wie en de twa wiksels soargen der foar dat it de twadde helte in gelykweardige wedstriid waard. It fertsjinne doelpunt foel te let om it noch spannend te meitsjen. De makker wie Grietzen Broersma dy’t in goeie twadde helte spile.
Wij hawwe begrepen dat der wer in man fan de wedstriid keazen wurdt. Wij binne benijd wa’t dat wurden is.
De foto’s fan de wedstryd fan Henk Bootsma kinne jim hjir besjen.

Wykels/Hallum 2 – SDS 2
As je foarige wike 8-1 ferlieze foar de beker, hjoed gjin keeper hawwe, je 2 spilers ynleverje moatte by SDS 1 en de wedstryd fan Wykels/Hallum 1 is ôflast dan kinne je wol sizze dat de quotering foar winst fan SDS 2 op Wykels/Hallum 2 hjoed aardich wat jild opleverje koe.
Hendrik de Jong makke syn opwachting yn de goal en die dat net ûnfertsjinstlijk lykas Wietse Fopma dy ’t syn opwachting yn SDS 2 meitsje mocht. SDS 2 kaam nei 10 minuten mei 1-0 foar troch in goal fan Wietse, mar 2 minuten letter mocht Hendrik alwer fiskje. SDS wie better, mar makke harren kansen net ôf. It wie Feite dy ’t der foar de rêst 2-1 fan makke út in penalty. Lyk nei de rêst jûch Wietse Wykels/Hallum it genadeskot troch keihurd binnen te koppen nei in prachtige foarset fan Sytse Hibma. Hjirnei noch wol wat lytse kanskes hjir en dêr, mar SDS wûn terjochte mei 3-1.
Wa ’t dizze wedstryd goed foarspeld hat…… ryd no heechstwierskynlik yn in dikke BMW…..

Makkum 3- SDS 5
SDS 5 wûn sneon de bekerwedstriid tsjin Makkum 3. It doelpuntrike duel einige yn 3-8. Skoard waard der troch: Robert (3), Pieter (2), Ids de Boer, Broer Jacob en Harm Auke


SDS A1 – Scharnegoutum/Nijlân A1
A1 hat mei 7-1 wûn fan de kombinaasje fan “Snits noard” en “Snits west”.
Doelpunten wiene der fan Lourens van der Pol, Almar Kramer, Pieter Wesselius, Pieter de Vries, Foeke Reitsma en Teun Heeres (2)

RES 3 – SDS 4      3-2
Freedtejûn hat SDS 4  yn Boalsert oefene tsjin RES 3. It waard 3-2 foar RES en de doelpunten fan SDS waarden makke troch Douwe de Boer en Doede Kooistra.(dankjewol Stefan vd Velde). Op twitter sjogge wij ek in berjocht dat de skiedsrjochter foutleas fluite hat.  En dat is moai.

Efkes Balje
0nder de titel “return of a legend” makke Tjerk van der Pol syn debút wer yn de Efkes Baljen arena. Nei lange tiid ôfwêzigens (gemis oan selsbetrouen) hie hij tongersdei syn komst al oankundige en hij wie dus goed taret. Mei soan Stefan yn syn ploech, Harry en Bonne wisten se dan net de grutte partij te winnen, mar it úteinlik beslissende doelpunt wie wol foar harren. En de makker fan dat doelpunt wie fansels Tjerk.
Dat wie in sneu ein foar Theo, Wietse, Ferry en Aant. De grutte partij winne, de beslissende twa winne mar omdat it Ferry allegear wat ûntgien wie (slecht gehoar, ferstiet it Frysk net allegear. Eastyndysk, of oerkonsintraasje) moasten de alderalderlêste twa de beslissing bringe. En dat die Tjerk dus.

SDS D1 – Ooosterlittens D1
Oosterlittens D1 kwam, zag en overwon. Binnen een minuut lag de bal al achter Bote. Na twee wedstrijden de sterkste te zijn geweest, even slikken voor de boys. De 0 – 1 was niet toevallig, nog geen 29 minuten later liepen 14 (16 inclusief coaches) stille mannetjes naar  de kleedboxen: 0-4.  Pas in de tweede helft brandde D1 los. Jopie en Sander zwoegden hard, de vleugelaanvallers Aiso en Nykele kregen wat meer ruimte dan hun voorgangers Jelmer en Sietze en langzaam maar zeker kwamen we onder de druk weg. Dit resulteerde uiteindelijk in twee goals, waar Oosterlittens er ook weer drie tegenover stelde. Eindstand: 2-7, conclusie: gewogen en te licht bevonden, niet door naar de volgende bekerronde en veel huiswerk voor de trainers en coaches.
Tjerk

Easterlittens D2 – SDS D2   2 – 4
Sneon de tredde wedstryd foar de beker yn en tsjin Easterlittens. De mannen fan SDS wiene, nei de winst fan foariche wike sneon, fansels yn de “winning mood”. It begjin fan SDS wie hiel goed. Nei 18 minuten wie al trye kear it houtwurk boppe en nest de keeper fan Easterlittens testen. Anco op ‘e latte en Tjitse op peal en latte. Der bestiet in alde fuotbalwet; at je sels de goals net meitsje docht de tsjinstander dat. Lokkich wie dat sneon net sa. Wielst de supporters noch yn ‘e kantine oan de kofje sieten, stie it nei 3 minuten yn ‘e twadde helte al 0 – 2. De 0 – 1 waard makke troch Stan, nei in moai baltsje troch it midden fan Tjitse.       De 0 – 2 waard makke troch Tjerk nei in ien twa op links tussen Anco en Tjitse. Efkes letter skoorde Anco de 0 – 3 nei in foarset fan Ruerd. Healwei de twadde helte bedarre in hege bal fan Easterlittens samar efter us keeper Jeffrey, die ek sneon wer geweldich keepte. In pear minuten letter skoorde Easterlittens ek noch de 2 – 3 mei in leech skot yn ‘e hoeke. De spanning wie hielendal wer werom. Lokkich makke Stan 5 minuten foar tiid de 2 – 4. Wer in moai resultaat, ek mei tank oan ‘e supporters fan SDS. In grutte getale wiene se oanwesich yn Easterlittens. It like foar SDS wol in thuswedstryd; derom waard it publyk ek bedankt nei de wedstryd troch de spylers.
Efterof die bliken dat we ien puntsje tekoart kamen om troch te bekerjen.
Nije wike de earste kompetysje wedstryd thus tsjin QVC.
Theo