Weppers freed 6-12

Seleksjes sneon 7-12
5 december 2013
Ut en ferslaggen 7-12
6 december 2013

Gjin keeperstrainen
It keeperstrainen giet jûn net troch.
Marco


Programma sneon 7 desimber
As alle wedstriden sneon wol trochgean witte wy net, mar it programma sjocht der no noch
sa út.
SDS MC1, SDS 4 en SDS D4 binne ôflast.

Efkes Balje?
Wij hawwe gjin idee hoe’t mei it Efkes Baljen komt. Is it te wiet, is der winterstop, wij witte it it net.

Ôflast?
De kans is grut dat moarn net alle wedstriden trochgean. As it moarn ôflast wurdt dan is it net oars, mar dan soe it wol de minst slechte opsje wêze om it miskien hjoed al ôf te lassen.

Ôflast?(2)
De KNVB hat it programma foar moarn yn elts gefal net ôflast. Dit kamen wy tsjin op Twitter:
KNVB Noord
@KNVBNoord2u
GEEN algehele afgelasting voor voor het weekend van 7 en 8 december 2013.

Ôflast(3)
As it fuotbaljen moarn no wol of net trochgiet, yn Wommels kin der yn els gefal net fuotballe wurde……


Net sneu 
Omdat we yn’e sporthal gjin lêst hawwe fan stoarm, rein en wiete fjilden ha we dêr de lêste wedstriiden fan’e minileague. Oankommende sneon om 9.00 oere  sil dit barren plak fiene.
Nei ôfrin wurde de prizen ferdield.
Hjir kinne jim de stân en de yndielingen foar moarn fine.  
Tsjipke


Sinteklaasje
Sinteklaas hat justerjûn oan ’t let op besite west yn de kantine by SDS 2. Dit hat him tige foldien en hy hat dan ek al tasein dat hy folgend jier wer delkomt.

Foto’s
Henk Bootsma hat sneon ek noch alderaardichste foto’s makke by SDS E2 – LSC E4. Sjoch
hjir mar ris.

Foto’s(2)
Henk Bootsma hie it sneon mar drok. Hy gie ek noch efkes nei SDS F1 – SC Boalsert F2. Hjir syn kiekjes.

Alderaardichst
Hjoed om 17.00 wurdt der lotten foar it WK-fuotbal 2014 yn Brazilië. Spitich genôch sil der oars lotten wurde as yn 1938 doe ’t se noch nea heard hienen fan soks as in proeflotting:


Sa lotsje as yn 2010 is miskien ek neat mis mei trouens……


Harsens derby(1165)
Hoesa ûnnoazel?