Weppers freed 6-11

Seleksjes sneon 7-11
6 november 2009
Utslaggen 7-11
6 november 2009

Seleksjes
Moarn  is der wer in folslein programma. 14 alvetallen moatte der op út en 9 spylje thús. Der is ûnderwilens 1 ôflast sadat der noch 22 wedstriden oerbliuwe. Ferline levere dat 22 punten op. Wij rekkenje no op tenminste 23 punten.

SDS 4
SDS 4 giet sneon net troch, sa hawwe wij fernommen fan ien fan de spilers.

Giet net troch (2)
Foardat it sneon is, hawwe wij der wer ien: in ôflasting. SDS C2 – Bakhuizen C1 giet moarn net troch, omdat Bakhuizen troch sykte te min spilers hat.

Blessure
De nekblessure fan Robert Sijbesma is wer oer. Neidat hij ferline syn nekwervels yn in knoop skodde bij it sjen fan Ajax- Dordrecht, is justerjûn troch 90 minuten tefreden knikjes bij it sjen fan Ajax de nekke wer yn evenwicht.

Fluitsje
SDS 5 moat sneon om 12.30 oere fuotbalje. Sij wolle dat graach dwaan mei in skiedsrjochter. De fraach fannemoarn wie wa wol dat dwaan? Jelle de Boer hat him melden. Hij fluitet SDS 5. Super Jelle.

Lieder
Jeroen Brouwer is lieder fan SDS 2. Ferline wike wie Jeroen der net en moarn nimt hij syn twadde en lêste snipperdei bij SDS 2 op. Ype Tiemersma, blesseard bij SDS 5, ferfangt him.

Berenloop
Ek it jier is der snein in SDS-er aktyf bij de Berenloop op Skylge. Tsjeard Hofstra, lieder fan Da1 sil de maraton drave.

Oerienkomst
Wij fregen ús fanne wike ôf wat de oerienkomst wie tusken de famylje Yntema, de famylje Bergsma en de famylje Hendriks. Meardere minsken (Tjalling, Hans, Immie) hiene fansels wol yn de gaten dat it
hjir om gong.

Fuotbal Ynsicht
Hjir de offisjele trailer fan it nije fuotbalprogramma: Fuotbal Ynsicht: