Weppers freed 6-10-2017

Bistedeiweppers
4 oktober 2017
Sneon 7-10-2017
6 oktober 2017

SDS-klean te keap!

Moarn stiet Douwe-Dirk Reitsma yn de kantine fan 10.00 oere oant 11.00 oere om SDS-klean te ferkeapjen. Tige de muoite wurdich tochten wy sa, want foar je it witte is it alwer Sinterklaas!

SDS 1 – DWP 1

Sneon om 15.00 oere de wedstriid SDS 1 – DWP 1.  Yn it oersicht  fan Voetbalnoord kinne jim sjen dat de ploegen yn 1965 foar it earst tsjin elkoar fuotballen en dat DWP mei 0-5 wûn. Ek de lêste kear wûn DWP mei 1-2  dus wurdt it tiid dat……. Sjoch foar it oersicht hjir

Seleksje SDS 1

Foar kommende sneon binne de folgjende spilers oproppen troch trainer/koach Marco Hoekstra : Arjen, Bauke, Erik, Frank, Gertjan, Gerwin, Habtamu, Hendrik, Jaap, Jacob-Klaas, Lourens, Marco, Matthijs, Remco en Wiebe.

SDS 2

Om 14.30 oere spilet SDS 2 yn Minnertsga (13.15 fuort) . De seleksje dy’t no ien kear wûn en ien kear ferlern hat bestiet út de folgjende spilers: Jurjen, Anne, Bote, Dirk, Feite, Gerrit, Hendrik, Jesse, Jildert, Jort, Marten, Sjoerd, Tjeerd, Jelmer en Wiebe.
Riders: Sjoerd, Gerrit, Jort, Jildert.

SDS 3

Ek SDS 3 mei wer út. sc Bolsward 4 is de tsjinstanner om 14.30 oere. De seleksje dy’t om 13.30 fuort giet:  Gerlof Jan, Gert Jan, Hans, Harm-Auke, Jan Simon. Jeroen, Klaas, Pieter,  Robert, Ronny, Tjeerd, Wichard, Willem, Ype, Broer, Jorrit en Daan.

SDS 4

Bij SDS 4 sil de spanning foar de wedstriid wol wer oprinne. Giet it troch? De folgjende seleksje is fan doel om thús om 14.30 oere oan te treden tsjin Mulier 3 en om 13.40 is der kofje: Doede Douwe, Eeltje, Gert Jan, Ids, Jelle, Johan, Klaas Bouke, Peter, Pieter, Remon, Rick, Ruun, Sytse, Thomas, Tseard, Wietse en Wouter Jan.

SDS VR1

De froulju reizgje om 11.30 ôf nei Aldegea (gemeente Súdwest Fryslân). Sij dogge dat mei de folgjende seleksje:
Tarina, Gerry, Janieke, Geeske, Richtsje, Lysanne, Alissa, Sieta, Hester, Akke Rixt, Seriette, Tjitske, Sanne R., Kirsten en Agnes.
Flagger: Simon Kingma

JO11-1

Wij krigen noch in kreaze alvetalfoto binnen fan JO11-1 . Sjoch hjir

Eben ballen

Dat kin jûn ek wer. Foar de net Dútsers is it Efkes Balje. Om 19.30 oere.

Brûze

Wy fûnen op it ynternet in alderaardichst stikje oer it brûzen nei it sporten. Miskien hawwe jim der wat oan. Sjoch hjir.

De nije stân fan de SDS-League

De lêste teams binne ynskreaun, de lêste wiksels binne trochfierd, alle appkes en mailtsjes binne wy by del west en hawwe de punten opteld! Dat betsjut dat moarn de nije stân yn de kantine hinget en snein hjir op de webside komt.

Harsens derby (1931)

Real Madrid JO9 skoort trochdat de keeper fan Sevilla op de grûn leit. Sy losse it sa hartstikke kreas op: