Weppers freed 5-6

SDS-feiling, tige by tige, wêr stean wy en …….!!
3 juni 2015
SC Heerenveen-MVV freed 17 july yn Easterein!
5 juni 2015

Grut nijs!
Om 13.00 oere daliks grut nijs hjir op de webside!

Efkes Balje
Kâld, reinich, hurde wyn of bloedhyt, it makket allegear neat út. Efkes Balje trotseart alle waartypen en seker it waarme waar fan hjoed. Jûn om 19.30 oere yn Wommëls, at it net tongert fansels…….

SDS 5
Sij hawwe dizze wike noch in (lêste)  wedstriid fuotballe yn Ljouwert en tsjin Lions 5 en sij ferlearen mei 5-3. Doelpunten wiene der fan Arjan, Ruun, Wytze.

Standen
De lêste standen fan dit seizoen kinne jim
hjir sjen. Der sil wol net mear fuotballe wurde, wylst SDS 5 en MD2 beide noch in wedstriid  “tegoede “ha.

Seizoen ôfslúte (1)
SDS 1 en 2 sille moarn it fuotbalseizoen ôfslúte op it keatslân yn Wommels. Sy sille earst mei de sêfte bal keatse, dan bargjeknoeie en dan it fuotbaljen sjen yn de keatskantine. Wol moat WD-Sat dan earst noch efkes oan it wurk.

Seizoen ôfslúte (2)
SDS 4 sil moarn it fuotbalseizoen ek ôfslúte mar dan by Harm-Auke en Vera eftreyn de tún. Sy sille earst bargjeknoeie en dan it fuotbaljen sjen. Ek dêr moat WD-Sat dan earst noch efkes oan it wurk.

Ut in âlde Treffer

Net allinne yn de Sinteklaas tiid mar folle faker kamen der yn 1981 ferslachjes fan SDS 1 binnen op rym fan JH (Jan Hofstra). Wij binne no al bliid dat er in gewoan ferslach komt…..

Harsens derby (1511)
“Tikke werom, Jaap!!!