SDS-feiling, tige by tige, wêr stean wy en …….!!

Weppers woansdei 3-6
3 juni 2015
Weppers freed 5-6
5 juni 2015



Wat hawwe wy sneon genoten op de SDS-feiling!
Hjirûnder kinne jim sjen wat der foar de ferskeidene feilingstikken it heechste bod wie.

Douwe-Dirk Reitsma hat mei alle winners fan de feilingstikken kontakt opnaam.
Winners kinne it jild oermeitsje op de SDS-keunstgersrekken:

NL83RABO0301290067 t.n.f. SDS-keunstgers

By fragen graach kontakt opnimme mei
Douwe-Dirk Reitsma
Mail:
reitsmadj@hetnet.nl
of skilje:0515-332500

De SDS-feilinglist

Nr. Wat?  
1 MUTA-bon 60,00
2 50 konsumpsjemuntsjes oanbean troch It Dielshûs 120,00
3 1. SDS-klok makke troch Harm Stremler 92,50
  2. SDS-klok makke troch Harm Stremler 115,00
4 Waardebon Van Krimpen Autoschadeservice 275,00
5 Workshop pizza bakken en rûnleiding by Bakkerij Posthuma 105,00
6 Skilderij fan Easterein troch master Jan Strikwerda 60,00
7 Samsung LED-TV  oanbean troch WD-SAT 375,00
8 5 autorydlessen by autorydskoalle NXXT yn Easterein 150,00
9 Swimabonnemint Swimbad De Klomp 175,00
10 Airco-check fan de auto by Witteveen & Brouwer 75,00
11 8 oeren Túnoannimer Evert Tanja 310,00
12 Eastereiner toer beklimme oanbean troch André Vink 65,00
13 Duosit fan steigerhout makke troch Johan Postma 320,00
14 Sile op it Iselmar mei Durk-Jorrit van der Eems 300,00
  Sile op it Iselmar mei Durk-Jorrit van der Eems 390,00
15 2 VIP-plakken by SC Heerenveen oanbean troch Heineken 130,00
16 Fotoreportaasje troch Jolanda Siemonsma út Snits 52,50
17 Fust bier oanbean troch de Jimbar! 370,00
  Fust bier oanbean troch de Jimbar! 410,00
  Fust bier oanbean troch de Jimbar! 400,00
18 Fare mei Germ Stenekes 600,00
19 De pony fan Nynke van der Eems fersoargje en beride 57,50
20 2e-hands faatwosker oanbean troch Frans Munsterman 250,00
21 Skilderijen Gepko Roggeveen  
  Skilderij 1 105,00
  Skilderij 2 100,00
  Skilderij 3 100,00
22 2 frijkaarten foar premiere Iepenloftspul Jorwert (Sjoerd) 75,00
  2 frijkaarten foar premiere Iepenloftspul Jorwert (Skelte) 77,50
  2 frijkaarten foar premiere Iepenloftspul Jorwert (Wytske) 72,50
23 4 kornerflaggen keunstgersfjild  
    90,00
    105,00
    77,50
    75,00
    75,00
24 Taxatierapport NWWI-goedkeurd troch Makelaar Huub Witteveen 225,00
25 Pretpakket fan de FIZEL 55,00
26 Penaltystip c.q. -gebiet keunstgersfjild 115,00
     
    117,50
27 Ynterieurûntwerp troch ynterierûntwerpster Jeanet Wiersma 60,00
28 50 konsumpsjemuntsjes oanbean troch It Dielshûs 125,00
29 Elektryske hageskjirre van BOS, Easterein 145,00
30 Folledige skjinmakbeurt auto by Autoschadebedrijf Van Krimpen 105,00
31 19e ieuwske brânkast 270,00
32 4 VIP-plakken by SC Heerenveen ynklusyf parkeren en katering 260,00
33 SC Heerenveen-sjurt oanbean troch Bauke de Boer 55,00
  West-Bromwich Albion-sjurt oanbean troch Jildert en Remco Hylkema 45,00
34 Middenstip keunstgersfjild 500,00
35 1 minút fergees boadskipje by de JUMBO-Kooistra yn Wommels 240,00
36 Nachtje sliepe yn Gerbrandy State en ontbijt 85,00


As jim sjen wolle wa ’t de feilingstikken kocht hawwe dan moatte jim hjir efkes klikke.

Neist de feiling wienen der ek noch 4 rondes Draaiend Rad mei prachtige prizen beskikber steld troch
De Fizel, Bakkerij Posthuma, METZ-Style, MUTA-sport, Twa Tsjillen, Aktie Sport en Murk’s Slagerij.

Ek siet der noch sa ’n €35,- yn de fooienparaplu en joech
Hendrik Eringa noch €65,- foai!
Al mei al dus in opbringst fan hast
€9000,-.
Hjir komt de kantine-opbringst fan netto €2000,- noch by en de opbringst fan de SDS-lotten en dan noch wat rekkens betelje en dan liket it dat wy de
€30.000,-
yn sicht hawwe!

Hjirby wolle wy tank sizze oan alle bedriuwen en partikulieren dy ’t wat beskikber steld hawwe foar de feiling en it Draaiend Rad!
En fansels al ús leden dy ’t manmachtich lotten ferkocht hawwe!!
Ek oan alle bieders en taskôgers tige by tige fansels!
En wat die feilingmaster Skelte it super!


En!

Wy hawwe noch wat gruts yn it fet!

Nije wike mear hjir oer!!!