Seleksjes sneon 5-9
3 september 2009Utslagen 5-9
5 september 2009
SDS League Sa ’t jim sjoen hawwe steane de nije dielnimmingsformulieren foar de SDS League op de webside. Jim teams moatte ynlevere wurde foar sneon 12 septimber om 19.00. De earste 3 teams hawwe wy al binnen. Om ’t der dit wykein interlandfuotbal is hoefe jim net oan ’t folgende wike te wachtsjen mei it ynleverjen.
Famkestraining giet los! De famkestraining (let op: 8-14 jier) giet wer los! Kommende moandei om 17.00 oere wurde sy ferwachte by trainer Sieta Tessemaker op it fjild. Wolle jo ynformaasje oer it famkesfuotbal? Mail nei info@vv-sds.nl. In drokte fan belang Alles wat ek mar traine koe en woe wie tongersdeitejûn op ien fan de trainingsfjilden. Bij SDS 4,5, en 6 wiene mar leafst 22 man. Gelokkich koene se op it grutte trainingsfjild. Omdat Klaas Okkema foarloapich de trainer is, sil de training nije wike om 20.30 oere begjinne. It fjild bij de boks is wol earder beskikber, dus wa’t earst efkes ynskoppe wol, kin dêr telâne. Hilariteit Selden wie der safolle entoesjasme bij in fuotbalwedstryd. Justerjûn op it grutte skerm de kwartfinale fan de froulju op it EK. En de strafskoppesearje mocht der wêze. 4-4 wie de tuskenstân en Frankryk miste de lêste, mar Nederlân ek. Frankryk mist wer, Nederlân ek, Frankryk mist wer en dan sjit Nederlân rekke.
Jelmer Jelmer Posthumus sit op dit momint yn Afganistan. It is fansels leuk dat hij wit dat jim him net ferjitte. At je dêr sitte is it hiel leuk om in kaart te krijen. Derom in oprop. Stjoer in kaart nei : Kpl Posthumus V0279584 LSD TK II/IV Napo 135 3509 VP Utert
Pantelic Dy Pantelic kin noch wolris in attraksje wurde yn de Amsterdam Arena. Mei nammen as hy wiksele wurdt……..
|