Weppers tongersdei 3-6
3 juni 2010Weppers sneon 5-6
4 juni 2010 Ferhip,in stranljip op de middenstip!!(2)
Lykas as foarig jier,sit der wer in stranljip op in oantal aaien op it haadfjild fan de skoalleseize.
Wy as fugelleafhawwers sil der alles oan dwaan om dit nest suksesfol ut te kommen litte.
Al sil we in oantal jier op de pieken pasje moatte.
Fansels is de lokaasje in lyts strukelpunt. Midden op it field is net handig. Derom fanut diverse fugelwachtbestjoeren ha wy it folgende besluten.
De aaien wurde eltse dei ferlein,sadat se oankommende sneon tjin it stekwurk lisse.
Wy hearre jim tinken,kin dit??ja..dit kin,in stranljip is in ‘nuut’ bist en past him wol oan. Fansels mat we dit wol proffesioneel oanpakke.
Eltse dei gean wy yn camouflagepakken(gerssjeaden om us hiele licham)nei it nest. We skeppe it nest ut mei in saneamde ‘stranljipnestskep’.
Mei infrareadkamera’s rin we exact 9.67 meter richting it hekwurk. No siekje wy alinne noch in frywilliger wa efkes in ‘hak yn de grun’ sette kin foar in begjin fan in ny nest. Wy sykje immen mei skoanmaat 47.5,Jacob Plantinga??
Bin der sponsors,wa echt belang ha om in nest te hawwen tsjin harren sponsorboad,dit kin,foar 600 euro per dei. Dit kin oermakke wurde op rekkening fan GvA(sels kontakt siekje).
GvA
In nij famkesteam op komst?
Ôfrûne sneon hienen de SDS-famkes en -froulju in barbecue op it Skrok as ôfslúter fan it seizoen. Opfallend wie dat der net safolle bier en wite wyn dronken waard. Ús Paparazo kaam mei opmerklike foto’s:
No de froulju ta binne oan de simmerstop hawwe se tiid foar oare dingen. Ja, jim sjogge it goed, in nij famkes team op komst.
“Goed fiele hjer, binne it no links of rjochtspoaten?”
Tiidens de ôfsluter fan it seizoen mei BBQ woene de froulje graach it nijs nei bûten bringe. Mar wa hâlde ús hjir foar it lapke? Jim kinne it goeie antwurd maile nei info@vv-sds.nl.
Ein en begjin
De lêste Treffer wurdt opmakke en dan sit it seizoen der echt op. Mar foar je it witte, is it nije seizoen al wer oan de gong. De technyske kommisje hat al wer drok dwaande west bij de foarlopige yndielingen foar takemjier. Hiel binnenkoart hoopje wij de foarloapige yndielingen melde te kinnen.
Data nije seizoen
16 augustus begjinne de trainingen foar de jeugd
21 augustus begjinne de bekerwedstriden
4 september begjint de kompetysje
Fjirde
Wittenskippers hawwe oan de hân 30.000 minuten fuotbale en 250.000 aksjes konkludeard dat Nederlân 4de wurdt bij it WK. Miskien dat de gene dy’t in WK-poule formulier noch ynfulle moat dêr rekken mei hâlde kin.
WK formulieren
Wij soene it tige op priis stelle dat jim de WK poule formulieren sa gau mooglik ynfulle. Wij moatte alle gegevens yn in programma ynbringe en wolle dat graach net dwaan at it fuotbal al oan de gong is. Dus ynfulle dy hannel en ôfleverje bij Willem of Aant.
Gekke WK foto’s
Om wat yn de sfear te kommen al fêst wat gekke WK foto’s.
Harsens derby (225)
Op it WK kinne wy mei de dy nije swabberbal alles ferwachtsje. Miskien sels dit wol: