Weppers freed 31-8

Weppers tongersdei 30-8
29 augustus 2012
Programma oersicht
31 augustus 2012

Freedtejûn
SDS MC1 – Scharnegoutum MC 1  oefenwedstriid om 18.30 oere.

Programma
It programma foar kommende moarn sjocht der sa út.

1-9-2012 14:30 SDS 2 – Minnertsga 2
1-9-2012 14:30 SDS A1 – Arum A1
1-9-2012 10:45 Makkum C1 – SDS C1
1-9-2012 10:15 Makkum E1 – SDS E1
1-9-2012 14:30 VVI 1 – SDS 1

Seleksjes

SDS 1
Skelte, Ewout, Feiko, Kristian, Erik, Dirk, Wytze, Johan, Arjan, Jelmer, Dirk Yde, Harm, Redmar, Jaap
Grinsrjochter Rene Zijlstra
12.30  fuort
14.30  Spylje

SDS 2
Ayanle, Sjoerd van B, Jelte P, Marten, Feite, Jan Simon, Hendrik, Sytse K, Anne, Jort, Robert, Eddy, Sytse H, Sjoerd R.
Grinsrjochter: Syb Overal
13.15  der wêze
14.30 balje

SDS 1 en SDS 2
It liket der dit jier op dat SDS 1 en SDS 2 om de wike thús spylje. Dat is foar SDS-fens dy’t net sa fan reizgjen hâlde goed nijs.

SDS 3
De measte spilers fan SDS 3 binne fersein oan SDS 2 of earne oars mei dwaande. Der binne dus net genôch om te trainen of te oefenjen. Sy binne mei ere “frij”.

SDS 4 en SDS 5
De plande oefenwedstriid tusken SDS 4 en SDS 5 giet net troch sneon.

65
It  soe samar kinne dat der hjoed immen 65 jier wurdt. Wij hawwe begrepen dat de heer G. Hiemstra út Easterein fanôf sneon fan Drees lûken giet. Fan herte lokwinske fansels.

Llargues
Fannemiddei soe it best wolris drok wurde kinne bij de Skoalleseize. It WK Largues wurdt holden en wij hawwe begrepen dat Bauke Dijkstra ek in oranje sjurt oan hat en …it Wilhelmus út de holle sjonge kin. Jim kinne it allegear sjen fanôf 12 oere en it duorret oant 17.00 ta.

Efkes Balje
Jûn om 19.30 oere Efkes Balje. Freonen,belangstellenden, âlders of wa ek mar. Wa’t efkes in oerke balje wol is fan herte wolkom.

Utslaggen
De kommende tiid giet it fuotbaljen wer los. Troch de wike en op sneon. It is foar wepmasters net te dwaan om alle wedstriden bij te wenjen. Dêrom is de mail en de twitter útfûn. Jou de útslach troch op beide emailadressen of twitter  mei @ff_sds

Nijs en weppers
Ek foar wepmasters is der in wurksum libben neist it wepperjen. Nije wike begjint dat wer. Jou jim berjochtjes dus wat earder troch want de side wurdt oerdei net altyd gelyk bijwurke.
Dus at it kin de jûns der foar trochjaan op beide emailadressen makket de grutste kâns om it berjocht op tiid op de side te krijen.

Harsens derby(825)
“Wel G********** H**** J****** C**** welke H**** de la P**** die dat?”