SDS-League: ‘Moest van Frank’ pakt de wykpriis!
1 maart 2023Sneon 4-3-2023
3 maart 2023DWP 1 – SDS 1 (14.30 oere)
SDS 1 hiet nei Sint Jansgea om te fuotbaljen tsjin DWP 1. Op basis fan de statistiken fan de lêste 20 jier wurdt dat net in 0-0 wedstriid, want dy útslach komme wij net tsjin yn de histoarje.
De kâns is sels grut dat er 4 doelpunten falle, want yn de 20 eardere konfrontaasjes is der mar leafst 81 kear skoard. Sjoch hjir.
De seleksje: Jaap, Douwe-Jan, Erik, Frank, Gerbrand, Gerwin, Jelte-Pieter, Lourens, Luuk, Remco, Stan, Wesley, Jelmer, Bauke en Robin.
Makkum 2- SDS 2 (12.30 oere)
SDS 2 is sûnt febrewaris yn in nije kompetysje begong en hat nei 2 wedstriden 6 punten. De tsjinstanner fan sneon is Makkum 2 en dy hawwe der 9 punten en binne koprinner.
De seleksje: Mark, Tjitse, Habtamoe, Arjen Eeltsje, Jort, Jurjen, Tim, Yke, Sjirk, Bote en Jesse en noch ien of twa.
SDS 4 – Oeverzwaluwen 3 (14.30 oere)
SDS 4 moat as ienige ploech it thúspublyk fermeitsje en dat sil wol slagje skatte wij sa yn.
De seleksje: Arjan, Michael, Wiltje, Jeffrey, Leon, Jorrit E, Halbe, Gerben, Aiso, Kees, Marco, Jasper, Bouke en Redmer.
Zeerobben 4 – SDS 5 (14.30 oere)
Op de ranglist ûntrinne dizze ploegen elkoar net sa folle.
De seleksje: Dirk-Yde, Feite, Gert-Jan, Jan-Simon, Jentsje, Mark, Ronny, Stefan, Syb, Tsjipke, Willem, Niels en Niels.
Johan Derksen yn it Dielshûs
Kaarten binne te krijen by de Fizel en by it Snackhûs yn Wommels. It giet aardich hurd mei de foarferkeap. Ofrûne moandei wienen de earste 50 kaartsjes al ferkocht.
Harsens derby (2143)
Somtiden slagget alles.
When you’re 10-0 up and the corner comes in 😂#SundayLeague pic.twitter.com/8zfB8laM0g
— Grassroot Goals (@GrassRootGoals_) February 22, 2023