SDS-League: De wykpriis falt yn……….. Tanzania!
27 april 2017Sneon 29-2-2017
28 april 2017Programma
Moarn steane der 7 thúswedstriden en 2 útwedstriden op it programma. De oandacht giet fansels foaral út nei SDS 1 – Workum 1, want in stik as trije punten derbij foar SDS 1 jout wol wat romte at je nei de stân sjogge.
SDS 1 – Workum 1 (14.30 oere)
Kom allegear lâns om SDS 1 te stypjen yn de wedstriid tsjin Workum 1. It begjint lykas altyd om 14.30 oere en dizze jongfeinten sille it dwaan moatte:
Jaap, Jacob, Marco, Elger, Gerwin, Remco, Feite, Tsjipke, Pieter, Wiebe, Teun, Hendrik, Jelmer en Lourens.
Om 13.00 oere der wêze!
Sponsers fan de wedstriid
Der binne ek noch wer twa sponsers fan de wedstriid fan SDS 1, dy’t ek op it affysje steane. Dat binne Autoschadeherstel van Krimpen út Boalsert en 5-Online Webdesign.
Nijland 2 – SDS 2 ( 12.15 oere)
In streekderby om de sprekwurdelijke eare. Dizze hearen sille it dwaan moatte:
Arjen, Pieter, Hendrik, Marten, Willem, Martijn, Tjeerd, Dirk, Stefan. Jurjen, Bote, Jort, Allert, Anne. Wietse
Flagger: Klaas de Haan.
SDS 2 giet om 11.00 fuort en graach auto’s meinimme.
SDS 4 – Heeg 3 (14.30 oere)
Koartlyn wie de útwedstriid suksesfol troch prizen yn de kantine. No marris sjen litte at der dizze kear op it fjild ek wat te heljen is. Dizze mannen steane garamt foar fermaak: Arjan, Kb, Ids, Jorrit, Jelmer, Steffen, Broer, Ddk, Ruun, Rickkie + 2
Net ûnwennich
Friso en Jeanet Albada wiene koartlyn yn New York. Mar fan ûnwennigens wie gjin sprake bij te sjen fan frachtauto’s mei sokke teksten.
Jierdei
Sietse Bouma is juster 10 wurden. Hij krige in kado om jaloersk op te wurden. Noch gjin kampioen mar no al in prachtich oantinken oan de kampioen fan de Premier League. Binne jim ek jierdei en krije jim ek in leuk fuotbalkado lit it ús witte…
Efkes Balje
Jûn om 19.30 oere yn Easterein.
Ridder
Ald SDS 1 spiler yn de jierren ’60 en no trouw SDS supporter út Frjentsjer Jan Hiemstra hat woansdei in lintsje krigen en is no ridder.
Harsens derby (1880)
Kin gebeure…………..
Já temos a falha de goleiro da rodada na Champions asiática: Yong-Dae Kim, do @ulsanFC. Gol do Kanazaki, no 4-0 do @atlrs_english pic.twitter.com/4mkkeIYPOJ
— Non Sense Football (@NSenseFootball) 26 april 2017