Stân SDS EK-League 25-6
25 juni 2008Stân SDS EK-League 26-6
26 juni 2008SDS EK-League
De nije stân fan de SDS EK-League lit efkes langer op him wachtsje as oars. Wy moatte efkes bekomme fan it ferskriklike ferlies fan Ruslân tsjin Spanje. Nei it matinee yn Easterein kinne jim de nije stân hjir wer fine.
In geskink út it appartemint?
De ôfrûne wike wie der bij WK in lyts insident tusken in bewenner fan it fiverappartemint en de WK gongers. Want hiene de baldadige jonges, yn de leeftyd fan fan 23 oant 53 jier net harren skoandere nije kontainer samar it fjild op riden en skopten se dêr de bal net hieltyd tsjin oan? Wie it net te ferskriklik dat je je eigen jiskepûde net iens yn dy nije kontainer smite koene?
Hoe’t it ek fierders gien is witte wij net mar der wurdt ferûndersteld dat de twa nije doeltsjes dy’t der tongersdeitejûn samar stiene in geskink binne fan de bewenners fan de appartementen. Sij wiene it beu dat de jeugd alles bij elkoar slepe moasten om it doel te bouen.
Ut namme fan de Wk gongers tige tank. Mochten se fia doarpsbelang Wommels der kommen wêze of fia de gemeente dan sizze wij dy minsken tank.
It wie foar in inkele spits noch wol wat wennen om it izer te finen.
Fytsetsjerkhôf
Der binne webmasters dy wenje hast op de fyts. It skeelt mar in bytsje of se dogge betiden in knipperke. Der binne ek webmasters dy’t brûke de fyts wat selektiver: in inkele kear nei it wurk yn Snits mar meast hâldt it mei in rit fan 3 kilometer op want sa fier wennet hij fan it sportpark ôf. Juster waard de fyts ynsetten foar it ferfier fan Ate Feike de Boer op it pakjedrager fan de Terp nei it sportfjild. Dat ritsje einige bij it tsjerkhôf yn Wommels. Earste klapte de efterbân en hast op it selde momint fleagen de speaken los en lei it tsjil dûbel. At de fyts moarn begroeven wurdt is net bekind.
Yn ‘e prizen
Ferskeidene SDS’ers foelen yn Mantgum yn ‘e prizen by it teatsen ôfrûne wike(klik hjir).
Soargen
Dat Ate Feike de Boer juster hast ferûngelokke is, dêr meitsje se harren yn Nijlân net sa drok om. Wol dat hy wer fuotballet en dat ek noch wol yn Wommels(klik hjir).
Bam
Snein kin der foar it lêst smookt wurde yn Jimbar en oare bars. Der binne no al wer ferfelende minsken dy’t wer oare dingen ferbiede wolle. Sjoch hjir
Feiko
Foar de jeu de pelote leafhawwers is der jûn de finale yn Littens om it pealtsje fan Easterlittens. Berltsum en Easterlittens steane yn dy finale. Wij binne foar Littens, want dêr spilet SDS-er Feiko Broersma mei.
SDS Tassen Registraasje Systeem (TRS)
Foardat it nije seizoen begjint wolle wy dochs probearje it TRS kompleet te krijen. Dit om gefallen sa as mei Skelte yn de takomst foarkomme te kinnen. De hiele list komt dan yn it bewarnûmer fan de Treffer en fansels hjir op de webside. Mail je tasnûmer nei info@vv-sds.nl!
Strawelte; roeger as froeger
De kûgel is troch de tsjerke. Willepunkband Strawelte hat juster in parsekonferinsje jûn en hat dêr bekend makke dat sy foar 4 kear werom komme op it poadium. Dus dit jier sille jim grif in kear heare fan “Bôle mei tsiis”, “hé, in lykwein”, “Hagelslag en sûpenbrij” en al harren oare klassikers. Wy hawwe der no al nocht yn(klik hjir).
Mear?
Hawwe jim mear mail it nei info@vv-sds.nl!
Letter hjoed mear