Weppers freed 26-9

SDS-klean te keap!
25 september 2014
Seleksjes sneon 27-9
25 september 2014

SDS VR2
Tsjinstanner hat te min spylsters, dus giet it sneon net troch.

Efkes Balje
Ferline wike in falske start yn Easterein. Hjoed binne se der allegear wer. Efkes Balje yn Easterein om 19.30 oere.

Seleksjes
Fierder op de side steane de seleksjes fan sneon. De seleksjes wurde tongersdeis besprutsen yn it “swithok” fan de Skoalleseize. De kâns dat hjir en dêr noch wat skood wurdt is fansels altyd mooglik.

Programma
It programma fan sneon mei skiedsrjochters kinne jim
hjir besjen. Dit is altyd te finen op ús foarside.

Mayo of majo!
Ek moarn binne der yn de kantine wer hearlijke hakbollen te krijen fan gehak fan Murk’s Slagerij en draaid troch Harm Bergsma. Sûnt ferline wike kinne je sawol krije mei majo as tusken in broadsje mei mayo….

Tanzania
Bestjoerslid Bauke de Boer en dochter Ieda (Vr2) sil nije wike ôfreizgje nei Tanzania om dêr te wurkjen oan de bou fan in skoalle. Syn ferhaal stie alris earder op
Easterein.nl

Feest

Jûn slút de keatserij harren seizoen ôf. Dat dogge se yn Easterein. Wij winskje se in noflike jûn en hoopje fansels dat de fuotbalprestaasjes der sneon net ûnder te lijen hawwe.

Harsens derby(1341)
“Sjit! Krekt neist………….”