Weppers woansdei 22-5-2019
22 mei 2019Foto’s slotdei jeugd
25 mei 2019Groot Sneek
Dizze wike krigen wij wer de GrootSneek krante yn de bus. Altyd in tige lêsbere krante oer minsken. Ek dizze kear wer de muoite wurdich om te lêzen want it giet oer in tefreden foarsitter fan SDS.
Slotjûn SDS- en Nijland-jeugd!
Fannemiddei is wer de jierlijkse slotdei/jûn fan de jongste jeugd fan SDS. Dit kear sil it foar it earst wêze tegeare mei de jeugd fan Nijland. It belooft in wier spektakel te wurden! Alle beppes, pakes, styfheiten, buorlju, memmen, suskes, bruorren, heiten, goeie kunde, styfmemmen, minder goeie kunde, elkenien is wolkom om efkes te sjen! It begjint om 16.00 oere!
SDS-frouljustoernoai
De froulju fan SDS slúte moarntemiddei harren kompetysje ôf mei in ûnderling toernoai. Wylst it frouljusfuotbal om ús hinne (ONS, sc Bolsward…) omfalt, probearje wy der sa alles oan te dwaan om it frouljusfuotbal te stimuleren. Wy binne dan ek tige bliid dat der mar leafst 32 froulju meidogge oan dit toernoai. It begjint efkes letter as 14.00 oere sa ’t op de poster stiet. Nei dit toernoai slúte de froulju oan by de barbecue. It soe moai wêze as wy hjir wat in tradysje fan meitsje kinne!
SDS-slotfeest mei muzyk en barbecue
Moarn 25 maaie spylje ‘alle’ senioaren fan SDS harren lêste wedstriid fan it seizoen en is der foar de froulju in frouljusfuotbaltoernoai. Wy slúte dan lyk it seizoen feestelijk ôfslúte mei muzyk fan Sjouke van Kammen en in barbecue. De barbecue kostet 10 euries per persoan. Frijwilligers fan SDS meie fergees!
Sjouke begjint in oer as 17.00 oere te spyljen en de barbecue giet rûn 18.00 oere los. Oant moarn!
SDS 1 striidt foar it lofterrychje
SDS 1 slút it seizoen ôf yn Aldegea/Ealahuzen tsjin degradant de Wâlde 1. SDS kin de 3e-Perioade noch winne as Workum en Scharnegoutum beide punten lizze litte en SDS wint. De folgende seleksje mei it moarn foarmekoar sjen te krijen:
12.30 aanwezig
12.45 bespreking
13.00 vertrek
1 Jaap, 2 Remco, 3 Erik, 4 Marco©, 5 Gerwin, 6 Wierd, 7 Frank, 8 Pieter, 9 Hendrik, 10 Matthijs, 11 Habtamu, 12 Jacob-Klaas, 13 Wiebe en 14 Steven.
SDS 2 striidt foar it behâld
SDS 2 moat moarn winne fan sc Berlikum om 100% wis te wêzen fan it behâld fan in plak yn de Reserve-2e-Klasse. Sc Berlikum is al wis fan de neikompetysje om behâld en Knickerbockers ûntspring op bysûndere wize de neikompetysje. Yn de staakte wedstriid tsjin sc Berlikum stie Knickerbockers mei 2-0 efter en neidat de wedstriid útspile (?) is wie it samar 1-1……….
Hoe dan ek! SDS moat moarn winne mei dizze seleksje:
Gertjan, Jorrit, Watze-Jacob, Yward, Arjen, Anne, Dirk, Feite, Jildert, Jort, Jurjen, Lieuwe, Niels, Ralph, Sjoerd en Tjeerd.
SDS 3 striidt yn in derby
SDS 3 mei moarn op ‘e nij tsjin Waterpoort Boys. Dit kear tsjin Waterpoort Boys 4. De wedstriid is om 12.15 oere yn Snits. Dizze seleksje mei moarn sjen om 3 punten nei de barbecue te slepen:
Harm D, Doede D, Gert-Jan, Jan-Simon, Klaas, Pieter, Robert, Henk, Tjeerd, Luuk, Tjitze, Stan en Steven.
SDS 4 striidt om 12.15 oere
SDS 4 mei moarn om 12.15 oere thús spylje tsjin Hielpen 4. Dit is de seleksje:
[20-5 09:57] Peter Stuiver: Aanwezig
[20-5 10:18] Tseard: Aan
[20-5 10:40] Sytse hibma: Aanwezig
[20-5 12:07] Klaas Bouke SDS: Aanw ovv werk
[20-5 14:13] Steffen Jokertje: Aan altijd nou halleeep
[20-5 18:47] Eeltje Postma: Aanwezig
[20-5 18:52] Jelmer Brouwer: Aanwezig
[20-5 18:55] Gert jan hessels: 🐝
[21-5 17:55] Haye Jan de Boer: Zaterdag aanwezig
Rick
Igor
Johan
Jildert
50
Tiisdei is hij 50 wurden. Se fierden dat mei in sokkenparade oan de line. 50 stiks, wêrûnder fansels de SDS sokken. Johan Heerma fan herte lokwinske!
SDS op ‘Kom nei Wommels’ op snein 26 maaie
Kommende snein 26 maaie stiet yn Wommels it jierlijkse ‘Kom nei Wommels’ op it programma. SDS is hjir ek fan de partij mei in soartefan fuotbalmuorre. Doarpsbelang Wommels hat der foar soarge dat dizze spesjale fuotbalmuorre op de Terp stiet. It giet namelijk om in saneamde ‘Sutu-voetbalmuur’. It âlderwetse muorkefuotbaljen wurdt hjirby kombinere mei it hjoeddeistige digitale tiidperk. It is in digitale fuotbalmuorre wêr ‘t je allerhande ferkillende spultsjes mei dwaan kinne. Robert Schildkamp sil tegeare mei wat spilers út de JO17 fan SDS sjen hoe of dit snein foarm jûn wurde kin. Fansels is elkenien wolkom om de fuotbalmuorre efkes te probearjen en mei te spyljen. Der binne fêst aardige spultsjes mei te dwaan. Kom snein allegear nei de Terp, sadat je meidwaan kinne. Sjoch foar mear ynformaasje op www.yalp.nl/sutu
Harsens derby (2135)
Knappe goal! De assist is ek net gek trouens……..
What was better, the assist or the goal? 🤔💯
(🎥 INST/K.phillips6) #SundayLeague pic.twitter.com/948Zq6U7np— Grass Root Goals (@GrassRootGoals_) 23 mei 2019
Letter fêst mear!