Weppers freed 22-4-2022

De jongste jeugd
20 april 2022
Sneon 23-4-2022
22 april 2022

SDS Vr.2 jûn wer los

De froulju fan SDS Vr.2 meie jûn wer los yn Makkum

SDS 1 – Sneek Wit Zwart 1

SDS 1 is yn goeie dwaan sûnt maart en trede sneon oan tsjin de nûmer 2 Sneek Wit Zwart 1. SDS makke yn dizze kompetysje 22 doelpunten en de Snitsers skoarden 57 kear. Mar seit dat wol wat? Om14.30 oere giet it los.
De seleksje: Jaap Toering, Luuk van der Schaar, Erik Haitsma, Gerwin Sijbesma, Jelte-Pieter Dijkstra, Matthijs Postma, Peter Hoogerwerf, Wierd Hofstra, Lourens van der Pol, Pieter Sijtsma, Teun Heeres, Gerbrand Kramer, Stan Korbach en Hendrik de Jong.

SDS 2 – Hardegarijp 2

Op in ûngebrûklik tiidstip (12.00 oere) spilet SDS 2 tsjin Hardegarijp 2.  SDS 2 hat 23 punten de gasten 24. Dat wurdt dus in spannend potsje.
De seleksje foarearst: Jeffrey, Douwe-Jan, Sjoerd de B, Steven, Wesley, Bauke, Eeltsje, Ewout, Jurjen, Lieuwe, Sietse, Sjoerd de V, Tom en Wessel.

SDS 3 – vv Heerenveen 2

At Gerrit Poortinga syn muzyk ynset nei ôfrin fan SDS 1 dan is SDS 3 noch oan it fuotbaljen. De wedstriid tsjin de koprinner begjint om 15.00 oere.
De seleksje: Tjitse, Anne, Bote, Frank, Haije-Jan, Inne, Jacob-Klaas, Jelmer, Jildert, Mark, Marten, Tsjipke, Yward en miskien noch wol in pear.

SDS 4 – Oeverzwaluwen 3 g.n.t.

Sawol SDS 4 as Oeverzwaluwen 3 slagget it net om 11 man op te stellen en dan kinne je net op in grut fjild balje. Miskien de folgende kear mar 7 tsjin 7?

SSS’68 3 – SDS 5

SDS 5 nimt it op tsjin middenmoter SSS 3. Om 12.00 oere te sjen yn Marssum.
De seleksje: Kerst, Douwe P, Janpiet, Gert-Jan, Feite, Jan-Simon, Doede-Douwe, Jentsje, Harm S, Syb, Henk, Peter en Dirk-Yde.

MKV’29 – SDS VR1

SDS VR1 wol it oantal punten dat se hawwe graach ferdûbelje. Dat kin, at se winne. Tsjin MKV ’29 VR om 14.30 oere

Wedstriidsponsers bij SDS 1

Top!
Ek bij SDS 1 – Sneek Wit Zwart 1 binne wer twa wedstriidsponsers.

199

De senioren hawwe totaal 199 doelpunten makke dit seizoen. Sneon falt de 200ste, dêr binne wij wis fan. Wa makket dizze?

Jeffrey is in topper!

Jeffrey van der Werf is normaal sprutsen keeper by SDS 4, mar no ’t der hieltiten faker keepers by SDS blesseard binne wurdt der troch mear teams in berop op him dien. Sa keepte hy dit seizoen ek al by SDS 3 en 5. Moarn stiet hy by SDS 2 ûnder de latte no ’t Mark Klijnsma blesseard is en SDS 4 frij is. Jeffrey sjapoo! Noch efkes en do kinst by SDS 1 keepe.

SDS 1 seal wint

De sealfuotballers fan SDS hawwe woansdei mei 4-1 wûn fan Haskerland 2 op ‘e Jouwer. Man fan de wedstriid wie keeper Frans Stap en Sjoerd de Boer miste in penalty. Wy sjogge noch út nei de Clarence-Sluier-trofee-foto.

Harsens derby (2369)

Fuotbalhumor by Inter Milaan: