Weppers freed 20-2

Weppers tongersdei 19-2
18 februari 2009
Seleksjes 21-2
20 februari 2009

Froulju
De SDS-froulju hawwe justerjûn oefene yn Ljouwert. Rood Geel wiene de gastfrouen. De froulju kamen mei in moaie oerwinning werom yn Easterein. Troch in eigen doelpunt en in doelpunt fan Joutsen Okkema bleau SDS oan de goeie kant fan de skoare. Einstân 1-2.

Drok
It wie justerjûn wer in kear drok yn de kantine. Alle senioren alvetallen trainden. De opkomst wie prima útsein SDS 5. Mar trije âldtsjes wiene presint.

Ut syn dak
Op it grutte skerm yn de kantine wie justerjûn Ajax te sjen. Bij de 0-1 sprongen de echte Ajax fans fan harren stuollen en krukken ôf om de treffer fan Kennedy te fieren. Foaral Eeltje Postma wie net te hâlden.

Voetbal21
Ja hear, wij hawwe wer in foarspelling binnenkrigen fan
Voetbal 21. Net in besten ien dizze kear. SDS 1 hellet gjin punten tsjin Heerenveense Boys. It wurdt in 3-1 nederlaach. Wij binne benijd wa’t dat iene doelpunt makket.

Lêste training yn de seal
Hjoed 20 febrewaris is de lêste training yn de seal foar F-kes en Eetsjes. De hiele winter is de jeugd yn de seal dwaande west om wat balgefoel te hâlden. E3 en E4 slúte it gehiel om 17.00 oere ôf.

Futsal 2
Ja ,daar zijn we weer .
Woensdag 18 februari  moest sds 2 futsal uit naar haskerland 6. H
elaas ging deze wedstrijd verloren met 7-4 ( 3-1).
M
aar tot slot waren de douches weer goed ( het hendrik zijn wekelijkse douche beurt ook weer had).
D
e frikandellen durfde we dit keer niet aan.
Groetjes Andre
 

Seleksjes
Letter hjoed kinne jim de seleksjes fan SDS 1, 2 en 3 lêze.

Scrum
Hoera,
Scrum komt yn Easterein. Moarntejûn yn Bergsma. De leafhawwers fan punkrock wolle dit net misse.

Wol sjonge (5)
Nei de ôfrûne wike binne wy der wol efter dat fuotballers better net sjonge kinne. Lit dat sjongen mar oan de supporters oer: