Weppers freed 20-10

SDS-League: ‘De Voetbalomnivoor’ pakt wykpriis!
19 oktober 2017
Sneon 21-10-2017
20 oktober 2017

Nijland 1 – SDS 1

De webside fan SDS wurdt hjoed it meast besjoen troch lju út Nijlân. Dêrom spesjaal foar harren de seleksje fan SDS 1 foar moarn. De seleksje fan SDS fertrekt om 13.00 oere út Easterein. Elkenien fan de A-seleksje giet mei útsein de blessearden Jacob-Klaas Haitsma en Ewout de Boer. 😉

Taktyk

SDS hat gjin geheimen foar Nijland. SDS spilet fansels fol op de oanfal. Nijland hat ek gjin geheimen foar SDS. Út ûnbetroubere bron hawwe wy fernaam dat sy de bus hjoed al foar de goal parkeard hawwe……..

SDS 2 en Vr.1

Sy binne moarn beide frij en fertrekke beide mei de folledige seleksjes om 14.00 oere út Easterein rjochting Nijlân foar dé derby Nijland 1 – SDS 1!!

Beker: Tzummarum 2 – SDS 3

SDS 3 hat moarn yn Tzummarum oan ien punt genôch om yn de folgende ronde fan de beker te kommen. De hiele seleksje giet der hinne útsein de blessearden. Sy fertrekke om 12.55 fertrekke út Easterein.

SDS 4 – QVC 3

SDS 4 mei moarn ek wer los! Thús om 14.30 oere tsjin . De folgende lju wurde om 13.45 oere yn de kantine ferwachte foar in bakje kofje; Johan, Martijn, Igor, Gertjan, Ruun, Jelte, Andries, Peter, Remon, Jorrit WiVi, Pieter, Allert, Sytse, DDK en de Rick van de Kaktus. De Rick van de Kaktus sil nei de wedstryd efter de bar plaknimme.

Wike fan de skiedsrjochter: Boek fan Bas Nijhuis winne!

Yn it ramt fan ‘de wike fan de skiedsrjochter’ ferlotten SDS twa boeken fan skiedsrjochter Bas Nijhuis ûnder de skiedsrjochters fan SDS. Skiedsrjochters lotsje mei troch de appen nei Haad skiedsrjochtersaken Tjerk van der Pol!

Afbeeldingsresultaat voor boek bas nijhuis

OFK

Begjin jannewaris is wer it jierlijkse Iepen Frysk Kampioenskip sealfuotbaljen yn Frjenter, oftewol it OFK. Foar SDS sille SDS Vr.1, SDS 1 en de âld-sealfuotballers der hinne. De lotting sil plakfine op 17 novimber.

Feyenoord – Ajax

Marc Hoekstra fan SDS Jo7-3 wol snein hiel graach Feyenoord – Ajax sjen en sit der oer yn as dat wol goed komt. Lokkich genôch is hy tûk genôch om te betinken wêr as hy it snein miskien wol sjen kin; ‘Heit? Is snein it kafé yn Wommels ek iepen?’

Friture

Sûnt koart mei der troch de wike wer frituerd wurde yn de kantine en dat hawwe wy juster witten. De frikandellen wienen net oan te slepen!

Lokwinske!

Bote Strikwerda en Gerlof-Jan Hofstra binne hjoed jierdei!
Lokwinskuhhuuhuhhuuhhuuhuhhuhuhhhh!!

Foto fan Bote Strikwerdafoto van Gerlof Jan Hofstra.

Harsens derby (1936)

As je it sa wolle dan slagget it je net………