Denk en beslis
1 oktober 2026Sint-Annaparochie 1 – SDS 1
Sint-Annaparochie 1 is foarich seizoen as 10e eindige yn de 3e-Klasse P. Sy bleaunen yn de 3e-Klasse troch op de lêste spyldei fan vv Nijland 1 te winnen. No steane sy mei 1 punt 13e. Sy ferlearen fan Leeuwarder Zwaluwen en Trynwâlden en pakten in punt thús tsjin Akkrum.
SDS 1 hat 3 punten en stiet dield 8e. Nei de earste oerwinning en dêrnei twa kear sûnder punten is SDS wol wer oan wat puntsjes ta.
De measte skorsingen binne wer efter de rêch al is Niels Hiemstra no skorst.
Seleksje:
Mark
Wiebren
Remco
Gerwin
Tim
Wiebe
Robin
Pieter
Wytze
Matthijs
Daniel
Jelmer
Gerbrand
Ate
Kees
Skiednis
SDS 1 hat yn it ferline net faak tsjin Sint-Anna balle. Voetbalnoord kin sels hielendal gjin ‘historische uitslagen’ fine. Dochs stiet ús by dat SDS earder tsjin Sint-Anna fuotballe hat. Wy doken de argiven yn en kamen wat tsjin. Yn it seizoen 1992-1993 waard SDS 1 namelijk kampioen yn de Haadklasse fan de FVB. Dy haadklasse siet ûnder de 4e-Klasse KNVB. Om ’t SDS 1 op sneon kampioen wurden wie yn de sneons-haadklasse mochten sy it opnimme tsjin de kampioen fan de sneins-haadklasse FVB oftewol Sint-Annaparochie 1. De wedstriid waard spile yn Sint-Anne op sportpark De Waaie op moandeitejûn 24 maaie 1993 om 19.00 oere. De wedstriid soe eins op neutraal terrein spile wurde, mar it like Sint-Annaparochie in moaier idee om dit mei de feesten fan Sint-Anne op kermismoandei te dwaan yn Sint-Anne. Dit like de ponghâlder fan SDS ek wol wat en mei sa ’n 500 taskôgers levere dit noch wol wat op. Sy seagen SDS mei 3-0 winnen troch doelpunten fan Jappie Wijnia(2x) en Klaas Westra en sa waard SDS 1 Frysk fuotbalkampioen.



Skorst?
De wedstriid tsjin Leeuwarder Zwaluwen 2 wiken werom like in slachfjild as je Voetbal.nl en Voetbalnoord leauwe mochten. Matthijs Postma soe 2 giele kaarten krigen hawwe en dêr boppe op nochris in reade kaart. Neffens de skieds ien wedstriid foar de twa giele kaarten(=read) en dan noch minimaal ien wedstriid foar de reade kaart. SDS is súksesfol yn berop gien en Matthijs mei kommende sneon gewoan wer meibalje.
FVC 4 – SDS 2 (16.00 oere)
SDS 2 hat twa wedstriden spile en 6 punten.
It kin net better. FVC hat nei 1 wedstriid 1 punt.
Let op de middei yn Ljouwert.
Seleksje:
1. Jorrit (k)
2. Bauke
3. Ewout
4. Auke
5. Gjelt
6. Jelte-Pieter
7. Jurjen
8. Redmer
9. Sietze
10. Wessel W
11. Sjirk
12. Arjen
13. Jochem
14. Pieter B
Fertrek: 14.40
Wedstriid: 16.00
Koach: Tjeerd
Flagger: Jan
SDS 3 – NOK 4 (14.30 oere)
Beide teams hawwe twa wedstriden spile en it ferskil is 1 punt.
Seleksje: sawisa 12 man en wat twifelgefallen, dus dat komt wol goed.
SDS 4 – Oudega 1 (14.30 oere)
Bij SDS 4 komt it seizoen dreech op gong. Sij hawwe noch gjin punten.
Soene se tsjin it flaggeskip fan Oudega wol punten pakke kinne?
Seleksje:
……………, Jentsje, Hendrik, Jildert, Jelmer, Lieuwe, Ronny, Willem, Tjitse en hooplijk noch in pear.
It koe wolris in lestich ferhaal wurde mei wat siken en blessearden……..
Harsens derby (2419)
Sa moat dat.
THIS INSANE GOAL FROM ALMOST INSIDE YOUR OWN PENALTY AREA MUST BE SEEN TO BE BELIEVED 🤯
Kobe Hernandez-Foster of @DetroitCityFC, take a bow 👏pic.twitter.com/YLnQGnzHyv
— Men in Blazers (@MenInBlazers) October 1, 2026


