Freedtejûn Fitja-promo yn feesttinte Wommels!
18 juni 2009Bekomweppers
21 juni 2009Orisjineel
De froulju fan SDS, dy’t meidogge oan it Wommelser feest lieten tongersdeitejûn sjen dat se orisjineel binne, in team binne, in goeie kondysje hawwe en net benaud binne foar wat kâld wetter.
Tidens de sleattenrees gyngen se mei as it naaldhakken en noppen team en dêrmei wûnen se de earste priis. Se bleaunen ek as ploech bijelekoar. Klik op de foto om te sjen wa’t it binne.
Feestcommisie Wommels yn de problemen
Wij krigen fan de feestkommisje noch in oprop, dy’t wij graach pleatse:
Tongersdei te jûn wie der in slettenrace (jimme witte ol oer de sletten, troch de sletten, hindernissen, troch autobannen en noch mear). Ald fuotballer Rinse Joustra die ek mei. It probleem is dat de feestkommisje in autobân kwyt is. Men tinkt dat Rinse der mear fan wit. Se hawwe him al in pear kear op en del oansjoen en tinke dat er de bân stiekum ûnder syn t-shirt hat. Rinse wannear komt de ûntknoping?
SDS 6 spiler winner fan slettenrees
Gert Jan Hessels, de stoere ferdigener fan SDS 6, waard de winner fan de leadswiere slettenrees om Wommels hinne.
Daan
Daan Boersma is dizze wike op Skylge bij Oeral. Foar de muzyk, foar it teater en fansels foar Blof. En….wij hearden dat it dêr dizze wike makliker is in frou te besetten as in fyts.
Folksliet
As Pim Verbeek it Australyske folksliet a-capella sjongt op de Australyske tillevysje om ’t hy mei de Socceroos it WK helle hat, fine wy ek dat Trond Sollied it Fryske folksliet binnenkoart sjonge moat no ’t hy mei SC Heerenveen de beker wûn hat: