Weppers freed 18-6-2021

Stân SDS EK-League 18 juny
18 juni 2021
Efkes in buike
18 juni 2021

SDS JO15

SDS JO15 spilet moarn thús foar de Regiokup om 9.00 oere tsjin sc Franeker JO15-3. Spitich genôch meie der noch altiten gjin taskôgers by…….. Nije wike al wer!

SDS JO17

De JO17 fan SDS mei moarn foar de Regiokup om 12.00 oere út tsjin Tzummarum JO17.

Fergetten

Wa hat ferline wike op de slotdei syn jaske fergetten? Mail nei info@vv-sds.nl.

Etienne Stomp

Curacao is juster utskeakele foar dielname oan it WK. Dat lei net oan keeper Eloy Room, It waard 0-0 tsjin Panama. Eloy wurdt traint troch keeperstrainer Etiënne Stomp. Die is by us fansels bekind fan de keepersclinics!

Etienne Stomp hielendal rjochts.

Hegere wiskunde

Om fuotbalje te kinnen hoefe je gjin hegere wiskunde studeard te hawwen. Om te sjen tsjin welke nûmer 3 fan welke poule as Nederlân yn de folgende ronde moat dan moatte je al hegere wiskunde studeard hawwe……. Sjoch hjir.

Tattoo?

Ien fan de wepmasters wie fan doel om in tattoo te setten as hy de SDS EK-League wint, mar dit soe funest wêze foar syn ‘fuotbalkarriëre……….’ (sjoch hjir). Hy lit no syn hier mar groeie……….

SDS EK-League

Moarn foar 10.00 oere hjir op de webside wer de nijste stân fan de SDS EK-League! Soe Anne-Jan Hallema dan noch boppe-oan stean?

Harsens derby (2305)

‘Tikkie werom, Jaap!’