Weppers freed 18-4

Seleksjes sneon 19 april
18 april 2008
Utslaggen 19 april
18 april 2008

SDS 3 giet net troch
Wij hiene al sa’n fermoeden dat Blauw Wit te min spilers hat. De wedstryd SDS 3 – Blauw Wit 4 is dêrom ferskood nei woansdei 23 april om 18.45 oere. Om derfoar te soargjen dat alle spilers fan SDS 3 net deawurch oan de ôftraap ferskine giet it trainen moandeitejûn giet net troch. De seleksje foar woansdei bliuwt itselde as dy fan sneon. 

It Fean 1 – SDS 1
SDS moat moarn nei Surhústerfean. Hoe’t de klups it tsjinelkoar dien hawwe yn it ferline kinne jim
hjir sjen, mei tank oan Voetbalnoord.

In derby
Easterlittens-SDS binne bij de jeugd de derby’s. Moarn spilet Easterlittens C3 tsjin SDS C2. En SDS C2 presteart hiel goed bij de oanwêzichheid fan in soad supporters. Dus om 10.30 oere yn ……Easterlittens

Jierdei
Foarsitter Douwe Dirk Reitsma wie op 17 april jierdei. Fan herte lokwinske út namme fan alle leden, sille wij mar sizze. Noch iets minder as 525600 minuten , dan wurdt hij 50 jier. 

Alwer in derby
De famkes fan SDS spylje moarn op ‘e nij in derby. Moarn spylje sy om 15.00 út tsjin de froulju fan Tsjom. Soenen de famkes ek op de fyts gean lykas (in part fan) SDS 5 foarige wike?

Kampioen!
As Aad de Mos it al seit dan kin it net mear misgean(klik
hjir).

Kin gebeure……….(7)
Nei oanlieding fan ús wepperke juster oer dy fersoarger dy ’t in bal út de eigen goal kopt lit famylje fan Dooitze Nauta(dy fysiotherapeut) witte dat Dooitze ynderdaad goed koppe kin………. Allinnich dan wol mei in fytshelm op.


SDS Tassen Registraasje Systeem (TRS)
Wy hawwe se noch net allegear en wolle eins de list kompleet hawwe foar de folgende Treffer. Mail je tasnûmer nei
info@vv-sds.nl!


Kin gebeure……………….(8)
Wy geane der no efkes út foar de reklame……………..


Hawwe jim nijs of wolle jim oars wat kwyt, mail it nei dit adres.