Doch mei oan de SDS WK-League!
17 november 2022Sneon 19-11-2022
18 november 2022SDS Vr.1 7×7
De froulju fan SDS Vr.1 meie jûn los yn Easterein. De boksen binne los, de skiedsrjochters regele en der binne 2 bardraaiers, dus it kin mar oan gean. No al nocht yn!
Dit soe it programma wêze, mar de froulju fan Dronryp hawwe spitich genôch ôfsein, dus it wurdt allegear wer iets oars.
CVVO 1 – SDS 1
Sneon moat SDS 1 nei de Lemmer. CVVO 1 is de tsjinstanner. As it wat droech bliuwt dan wurdt der op gêrs balle. Mocht it te wiet wêze dan wurdt der op keunstgers fuotballe.
CVVO hat 10 punten. SDS hat der 14.
De seleksje fan SDS foar moarn:
Jaap Toering, Douwe Jan Vellinga, Erik Haitsma, Habtamu de Hoop, Jelte-Pieter Dijkstra, Kevin den Haan, Lourens van der Pol, Luuk van der Schaar, Matthijs Postma, Wierd Hofstra, Pieter Sijtsma, Wesley van de Wint, Sietze Stoffelsma en Tim Sweering.
Perioadekampioen
Kommende sneon is ek de lêste wedstriid út de earste perioade.
sc Bolsward en Heerenveen Boys binne de gadingmakkers. Hellet sc Bolsward 1 in punt tsjin WPB 1 dan is it yn Boalsert feest.
SDS hat op basis fan it doelsaldo bij hiele geunstige útslaggen net folle kâns.
Sjoch hjir wat de stân is
SDS 2 – Workum 2
SDS 2 kin wol trije punten brûke.
Dat soe oars krekt wat wêze tsjin Workum 2 dy’t frij wat boppe-oan steane.
De seleksje: Mark, Gerwin, Arjen, Bauke, Jort, Jurjen, Lieuwe, Robin, Tom, Wessel S, Jelmer, Bote, Sjirk, Niels J en Willem.
SDS 4 – Makkum 4
De Makkumers moatte al wer nei Easterein.
Soene se nei de grutte nederlaach tsjin SDS 5 út wêze op revâns en wurdt SDS 4 dêr dan de dupe fan?
Wij leauwe der neat fan.
Dizze manlju wurde om 13.45 oere yn de boks ferwachte:
De seleksje: Jente, Jeffrey, Aiso, Ate, Doede-Rients, Gerben, Halbe-Willem, Jasper, Jorrit E. en V, Leon, Michael, Wiltsje en miskien Rutger wol en noch ien fan SDS JO19 of SDS 5 of sa.
SDS 3 en SDS 5
Dy binne beide frij.
SDS WK-League
De earste 25 formulieren foar de SDS WK-League binne binnen. Doch ek mei! Je kinne it formulier jûn en moarn yn de kantine en yn de Jimbar fine of fansels gewoan op de kompjoeter ynfulle. Sjoch hjir.
SDS-fuotbalplaatsjes
Hawwe je it SDS-jubileumplaatsjesboek noch net fol dan binne der noch pakjes SDS-plaatsjes te krijen yn de bestjoerskeamer fan SDS. Ek lizze der noch dûbele plaatsjes yn de kantine.
Harsens derby (2111)
Toet, tooooeeeeeeeeeeeeeeeeeeeeeeeet!
When that double nutmeg comes off in training. 😱
— Sunday League (@SundayShoutsFC) November 9, 2022