Weppers freed 18-1

Weppers tongersdei 17-1
16 januari 2008
Weppers sneon 19-1
19 januari 2008

Wol wat let!
Tongersdeitejûns komme de lieders bijelkoar om alvetallen yn te dielen foar sneon. At je net kinne, dan moatte je dus foar tongersdeitejûn ôfbelje. Dus net om 10 minuten foar 11 oere jûns let. Dogge je dat wol dan hat it kâns dat in lieder seit: “Jim kinne om mij wol troch it iis sakje”. Omdat de kâns mar 15% is dat it fuotbal sneon troch giet, wist Durk Okkema him yn te hâlden. Hij winske de twa sweagers in moai sprintkampioenskip ta.

Amrabat
At Alves echt fuort giet, dan hat sc Hearrenfean wer wat jild te besteden. Der waard grute dat men belangstelling hat foar Amrabat fan VVV. Wij hawwe it idee, dat wannear je de lêste sin fan
dit artikel lêze, dat hij ek net allinne komt, mar in oantal “saakwaarnimmers” meinimt. Lit dit in warskôging wêze.

Giet it troch?
SDS 4 en 5 spylje moarn thús. As it trochgiet. Ien fan de Skoalleseize hie it juster oer 15% kâns dat der moarn fuotballe wurdt yn Easterein.


Oefenje(1)
SDS 2 soe moarn oefenje tsjin TOP’63, mar dit wurdt neat. Sy sille no om 18.30 oefenje op kuenstgers yn Harns tsjin MKV 2. Sy fertrekke om 17.15 út Easterein.

Oefenje(2)
SDS 3 sil moarn oefenje út tsjin Woudsend 2. As it trochgiet…..

Nochris TFS
Wol aardich is it, dat at je sa’n klup as TFS oanhelje der bij immen yn it geheugen wat begjint te dagen fan: hé, dêr hawwe wij in kear tsjin fuotballe. Sipke Hiemstra jout oan dat doe’t hij yn de A’s spile (ek al wer sa’n 34 jier lyn) sy foar de beker tsjin dy klup moasten. In út en in thúswedstryd. Miskien begjint er no bij noch immen wat te dagen.

Fan herte lokwinske!
Jeroen en Remco Brouwer wurde hjoed 60 jier! Dat wol sizze elk 30. Fan herte lokwinske!!
 

Ek jierdei
Der binne minsken dy hawwe net safolle mei harren eigen jierdei. It leafst ferjitte se of ferdringe se it allegear. Sokken witte faak wol hiel goed wannear in oar jierdei is en at sokken webmaster binne dan bestege se dêr graach oandacht oan. Jim kinne him lokwinskje troch in mailtsje te stjoeren, want hjoed fiert hij dan dochs in bytsje syn jierdei.

Alves
De supporters fan Ajax binne aardich kreatyf. Dizze is spesjaal foar AZ(klik
hjir).


Letter fêst mear!