Weppers freed 17-9-2021

SDS-League: Anouk Delfsma pakt de wykpriis! (de nijste stân)
15 september 2021
Seleksjes foar sneon 18-9
17 september 2021

Seleksjes

De seleksjes foar de senioaren en de JO19-1 moarn komme in oer as 11.55 oere hjir op de webside.

Bidons

It is de bedoeling dat sneons elkenien syn eigen SDS-bidon brûkt. It soe der by elts team dan ûngefear sa útsjen.

SDS JO19-1 wint

Ofrûne tiisdei mocht de JO19-1 fan SDS dan eindelijk ris los yn de beker. Sy wûnen mei 2-1 yn Skearnegoutum en spylje sneon om 10.30 oere thús SVM/Tonego. SVM/Tonego stiet dik boppe-oan yn de bekerpoule. Sy wûnen mei 6-1 fan vv Scharnegoutum en mei 12-1 fan Sneek-Wit Zwart JO19-2.

G.n.t.

Justerjûn wer alles op alles setten om by alle senioarenteams genôch te krijen, mar it wie net nedich west. Workum 4 hat net genôch minsken en hat ôfbelle. Dat betsjut dat SDS 4 dit wykein op ‘e nij frij is. Ferline wike hienen sy sels noch te min.

Lokwinske!

Jelte-Pieter Dijkstra en Petronella Tolsma stappe hjoed yn it houliksboatsje. Wy winske harren in alderaardichste dei ta en in hiel soad lok yn harren fierdere libben tegeare!

Traine (1)

De frouljuu fan SDS Vr.2 meie nije wike los yn Easterein. t kinne dan wol allegear topfitte keatsters wêze en eins gjin trainen nedich hawwe dochs like it harren wol ferstannich om efkes in baltsje te traapjen. Sy traine jûn om 19.00 oere.

Traine (2)

De froulju fan SDS Vr.3 traine op woansdeitejûns ûnder lieding fan trainer Paul Walstra. Dit slagget Paul op it heden net en dat betsjutte dat Pieter de Boer de froulju ûnder hannen naam. Dit foldie fan beide kanten sa goed dat dit foar werhelling fetber is. Dat liket der mar op!

Traine (3)

De trainingsopkomst by de B-seleksje op tongersdeitejûn is noch nea sa heech west. Juster stienen der op de training fan Tsjipke-Klaas Okkema mar leafst 24 spilers op it fjild. Lokkich genôch draait Tsjipke syn hân dêr net foar om en traktearde de mannen op in pittige training.

Derbys

Sawol SDS 2 as SDS 5 spylje moarn in derby tsjin ús freonen fan vv Nijland. Wy binne benijd as de Nijlanners de treinen fan SDS 2 en 5 stopje kinne……..

SDS-League

Yn de wirwar fan ynskriuwformulieren fia Whatsapp, SMS, post, mail en nim it fierder mar op wienen der twa teams fuortrekke. Dizze binne wer boppe wetter kommen en dat betsjut dat wy no 60 dielnimmers hawwe. Gert-Jan Hessels en Anco Bervoets mei Niels Hazewindus dogge no ek mei. De nijste stân stiet hjir op de webside.

Grutte Klupaksje

Moarn begjint de Grutte Klupaksje ek by SDS. Jim kinne der hjir alles oer lêze.

Draaiend Rad

Nije wike is de earste kompetysjewedstriid fan SDS 1 tsjin Oudehaske 1. Dan hawwe wy ek foar it earst yn 1 1/2 jier wer Draaiend Rad.

Pinne

It SDS-bestjoer is drok dwaande om it foarelkoar te krijen dat der nije wike by de yngong fan it sportterrein betelle wurdekin mei de pin. SDS-sokken kin dan ek mei de pin betelle wurde. As it mooglik is dan kinne jim it hjir op de webside lêze.

Nije Koronamaatrigels

It regear hat wer nije Koronamaatrigels betocht. Op himsels net sa slim, mar it wurdt der foar amateurfuotbalklups wer ris net makkelijker op. It soe namelijk betsjutte dat per nije wike sneon elkenien dy’t de kantine yn wol syn Korona-check-app kontroleard wurde moat. Hoe wy ien en oar by SDS dwaan gean is noch net wis. Wy binne al bliid as wy genôch frijwilligers krije om de fjilden klear te setten, sjurtsjes te woskjen, teams te lieden, wedstriden te fluitsjen, bartsjinst te draaien, by de kassa te sitten, te flagjen ensfh. Sjoch hjir hoe oare klups yn it Noarden it sjogge.

Harsens derby (2314)

‘Tikkie werom, Jaap!

 

Letter mear!