Weppers freed 17-1-2020

Weppers woansdei 15-1-2020
15 januari 2020
Sneon 18-1-2020
18 januari 2020

SDS 1 oefent

Om 14.30 oere oefent SDS 1 tsjin Anjum 1, in team dat yn de tredde klasse B spilet en dêr 9 punten hat út 12 wedstriden. SDS komt mei de folgende seleksje:
Jaap, Jelte Pieter, Gerwin, Jacob-Klaas, Marco, Luuk, Erik, Matthijs, Frank, Pieter, Wiebe, Peter, Lourens, Hendrik, Steven en Stan.
Sy wurde om 13.15 oere yn de kantine ferwachte en hawwe in bespreking om 13.15 oere.

Jelte-Pieter werom op it âlde nêst

It is no offisjeel dat Jelte-Pieter Dijkstra werom is by SDS. Hy hat de lêste jierren by Heerenveense Boys fuotballe, mar is ferhúze nei Wommels en slút wer oan by de A-seleksje fan SDS. Alle formaliteiten binne ynmiddels regele foar in tuskentiidse transfer en hy mei wer fuotbalje yn it sjurt fan SDS.

SDS 2 oefent net………..

Om 12.00 oere soe SDS 2 yn aksje komme tsjin sc Franeker 2. Sc Franeker hat allinnich krekt ôfbelle…….

Kantine

Om ’t de wedstriid fan SDS 2 no net trochgiet giet de kantine moarn fanôf 13.00 oere iepen.

Nije kompetysje-yndielingen

De nije kompetysje-yndielingen foar de jeugd sjogge wy hjir en dêr ek foarby kommen. Wy sille sjen as wy se sa gau as mooglik op de webside krije kinne. Jim kinne se yn elts gefal op Voetbal.nl fine. It liket der op dat sommige teams in aardich eintsje fuort moatte. Sa sit JO19-2 by û.o. Urk yn de kompetysje en de JO17-2 by Wolvega.

OFK 45+

Op sneon 1 febrewaris is der wer it Iepen Frysk Kampioenskip sealfuotbal foar 45+’ers. Tjeerd Dijkstra is al drok dwaande om in team gear te stallen foar SDS. De poule-yndieling is krekt bekend makke:
SDS
Ropta Boys
Be Quick
Heeg
LVV Friesland
Der dogge 15 teams mei.

Alle SDS-League winners op in rygje!

Nei alle hurde skiven fan kompjoeters by del west te wêzen wêr efentueel de einstannen fan de SDS-Leagues fan 1997-1998 stean koenen hienen wy noch ien kans; de SDS-archyfkast boppe yn de kantine. En hjir sieten se yn! It SDS-Leaguedossier is no kompleet. Jim kinne no alle einstannen en winners fine fanôf de alderearste SDS-League yn 1996 nei oanlieding fan it 50-jierrich SDS-jubileum yn 1997. De titel yn de earste helte fan 1997/1998 gie nei Jelle de Boer en nei Christiaan Hoekstra mei FC De Bikkels. Sy hienen likefolle punten en krigen elk 250 gûne (!?). De winner yn de twadde helte fan de SDS-League fan dat seizoen gie nei Yde Walda út Wommels. Hjir kinne jim it hiele oersjoch mei alle winners fine.

De nije SDS-League

As de transferperioade der op sit geane wy wer los mei de nijeSDS-League. Wa wint de 56e SDS-League? Fanôf 1 febrewaris kinne je je nije team gearstalle en hy moat foar sneon 15 febrewaris om 19.00 oere ynlevere wurde.

Ut in âlde Treffer


Ek yn 1998 wie der argewaasje at wedstriden net troch gean omdat tsjinstanners ôfbelje. De 35 + hie dêr flink lêst fan en dat ynspirearde de skriuwer om dit “wedstriidferslach” te meitsjen