Weppers freed 13-12-2019

SDS-League: ‘Aan de kant ik moet naar het stadion’ noch fier oan kop!
11 december 2019
Sneon 14-12-2019
13 december 2019

SDS 1 de grins oer

It is net fier oer de grins mar foar de wedstriid tsjin Willemsoord 1 giet SDS 1 efkes de grins oer. De bus bringt de supporters en dizze seleksje dêr: Jaap, Erik, Frank, Gerwin, Habtamu, Hendrik, Jacob-Klaas, Lourens, Luuk, Marco, Matthijs, Peter, Pieter, Remco, Steven en Wiebe. Wierd is blesseard.

Mei de folle bus nei Willemsoord

De bus fertrekt sneon om 12.15 oere út Easterein nei Willemsoord. De supporters Floris, René, Jelle, Appie, Pieter, Popko en Meinte sille mei. It is in bus fan 28 persoanen. Mei in seleksje fan 16 man, ien blessearde en de staf is de bus fol. De kosten binne foar SDS.

SDS 1 út de beker

SDS 1 hat woansdei mei 4-0 ferlern út by LAC Frisia en leit dêrom út de beker. Nei in kertier wie it al 2-0 foar de Ljouwerters nei geklungel efteryn by SDS. Foar de rêst krige SDS noch wol kansen om werom te kommen, mar dizze kansen waarden net benutten. Yn de twadde helte waard it úteinlik 4-0 en skeat Matthijs noch in kear op de latte. Yn de lêste minuten krige Marco Rijpkema noch in reade kaart.

SDS 5 nei Marssum

SDS 5 mei it sneon opnimme tsjin SSS ’68 3. Om 14.30 sille se besykje de goeie posysje op de ranglist te behâlden. Dit is de seleksje:

SDS VR1 soe de ouwe “dochters” ûntfange…….

SDS VR1 soe sneon de earste helte fan it seizoen ôfslúte mei in thúswedstriid tsjin Harlingen VR1. Dit wie de seleksje: Dina, Femke, Gerry Edou, Hester, Janieke, Jeska, Jildou, Kirsten, Marjo, Marrit, Richtsje, Seriette, Sieta en Sietske. Foar de wedstriid soe der lucht wurde.
De lunch giet noch wol troch, mar de wedstriid net………. Harlingen Vr.1 hat te min ouwe ‘dochters”…….

Fan fjild nei seal

Moarn in programma dat de oergong oanjout tusken fjild en seal. Noch 9 wedstriden bûten en de jongste jeugd fuotballet moarn yn de sporthal foar de wintersealkompetysje.

SDS-nijjierssit

Harsens derby (2191)

Ho!