Weppers freed 12-12

Seleksjes sneon 13-12
11 december 2014
Útslaggen/ôflast 13-12
13 december 2014

SDS-sealtoernoai foar F-pupillen
Moarn yn de sporthal yn Easterein it jierlijkse SDS-krystsealtoernoai foar F-pupillen. It begjint om 9.00. De muoite wurdich om efkes om it hoekje te sjen tochten wy sa. Titus hat de kachel brânen.

G.N.T
Mei “lijen yn de bealch” moatte wij melde dat der jûn net Efkes Balle wurde kin op de trainingsfjilden.

Ôflast?
Der sille moarn grif in hiele bult wedstriden ôflast wurde. De KNVB wol allinnich net alles ôflasse en lit it oan de konsuls oer. Hâld de webside dus mar goed yn de gaten. De fjilden yn Easterein wurde moarn om 8.30 keurd.

SDS Vr2
De wedstriid tsjin Lions 1 giet sneon net troch.

SDS VR 1
Soene nei Boalsert, mar it fjild is net goed genôch. It giet net troch.

SDS 4 ôflast
De wedstryd fan SDS 4 út tsjin Berltsum is ôflast. It fjild yn Berltsum stiet ûnder wetter.

SDS 1 seal fernedert koprinner Jubbega 2
De mannen fan SDS seal 1 mochten woansdeitejun wer los yn de sporthal te Easterein. Dit kear wie de tsjinstanner Jubbega 2,de koprinner fan de kompetysje. SDS sette fanôf it begjin ôf in soad druk op de tsjinstanner en makket it de mannen út Jobbegea unmooglijk om te fuotbaljen. Al gau waard it 1-0. SDS bleaun druk setten en nei 10 minuten wie it al 3-0,de frustraasje waard mar grutter en grutter bij de tsjinstander, dit wiene se net wend,en prottelden steeds faker op elkoar. Doe de skiedsrjochter, yn hun eagen,SDS in frije traap joech barste de bom. De skiedsrjochter, yn hun eagen de reden fan de efterstan, krige fan alles om oer him hinne. Twa spilers fan Jobbegea krigen read en mochten nei de klaaikeamer foar in warme brûs. Nei wat fertraging koe der wer fjirder balle wurde en de reststan wie 4-0.Nei de rest wie it wer 5 tsjin 5 wie it saak om de foarsprong fest te halden en de fuotten hiel te halden,want de mannen ut Jobbegea(op twa nei) wiene troch de frustraasje net te halden . Undertusken skoarde SDS gewoan troch en run de stan op nei 9-0. Mei noch 2 minuten op de klok wurde in spiler fan Jobbegea prachtich foarby spile. Dizze spiler koe dit net sette en helle de spiler fan SDS ferskrikkelijk hurd underut. Die wie de tredde reade kaart fan de wedstriid en yn oerlis mei de skiedsrjochter haw we mar besluten om it hjir by te litten sadat der net mear blessures komme soene. De skiidsrjochter krige noch wat bedrigingen syn kant op fan de spilers en lieder fan Jobbegea en hat it wedstriidformulier mei de nedige ferhalen ynfuld. We geane der fanut dat de KNVB dit wol goed oppakt en sjogge wer ut nei kommende wike Tiisdei,dan spylje we yn Boalsert tsjin RES.
Klaas

Efkes Balje
It sil foar in hiel soad in hiele grutte teloarstelling wêze at it Efkes Baljen jûn net troch gean kin. It is ôfwachtsjen, mar wij binne net hoapfol, at wij sa nei bûten sjogge. Foar ien komt it allegear net ferkeard út. Hij hie dochs al wat
oars.

Spulrigelbewiis
Sneons heare je noch wol gauris yn it fjild; “2 man skeids”. Mar mei dat no wol of net? Wy tinke dat de B-junioaren dêr jim in goed antwurd op jaan kinne en oars dogge wy it sels fêst (sjoch
hjir).

Oerienkomst
Wat is de oerienkomst tusken Boschma, Meijer, Hayma, Broer en Eringa? Sjoch
hjir

Sealbolje 35+
Dit is foar SDS miskien ek noch wolris aardich.

Alderaardichst(1)




Peppi & Kokki
Peppi gie lêsten mei de lju út syn klasse te bowlen en kaam út de skroeven thús. “Heit, ik haw mar 3 kear te 0 holden”………..

Alderaardichst(2)
Permalink voor ingesloten afbeelding

Harsens derby(1390)
Tikkie werom, Jaap!