Doch mei oan de nije SDS-League! Ynleverje foar freed 20.00 oere.
9 september 2026Sneon 12-9-2026
12 september 2026Akkrum 1 – SDS 1
SDS 1 spilet sneon syn earste kompetysjewedstriid en docht dit út tsjin eardere sneinsklup Akkrum 1. Dêrom begjint de wedstriid net om 14.30 oere, mar om 17.00 oere.
Seleksje:
44 Mark
2 Wiebren
3 Remco
4 Gerwin
5 Niels
6 Robin
7 Matthijs (c)
8 Pieter
9 Ate
10 Gerbrand
11 Daniel
12 Tim
13 Wytze
14 Wiebe
15 Pieter B
16 Kees
SDS 2 – LAC Frisia 4(beker)
SDS 2 mei sneon op ‘e nij bekerje. Sy dogge dit op ‘e nij thús en ek wer tsjin Ljouwerters. Ferline wike mocht SDS 2 mei 6-0 winne fan de Ljouwerter Sweltsjes en moarn sille sy it opnimme tsjin de ‘lakskuntsjes’ fan LAC Frisia 4. LAC Frisia wûn twa wiken werom mei 4-1 fan de Ljouwerter Sweltsjes en ferline wike mei 4-1 fan FVC 4. SDS 2 mei moandeitejûn noch nei FVC 4, mar sy moatte earst moarn in goed rissultaat delsette, want oars hat dy wedstriid net folle sin.
Seleksje:
1. Jorrit (k)
2. Bauke
3. Ewout
4. Auke
5. Gjelt
6. Jelte-Pieter
7. Jildert
8. Jurjen
9. Redmer
10. Sietse
11. Tjitse
12. Wessel W
13. Sjirk
14. Jochem
15. Jelmer
Oanwêzich: 13.30
Wedstriid: 14.30
Koach: Tjeerd
Flagger: Jan
Houliksdei
Jelmer Posthumus fan SDS 4 stapt hjoed yn it houliksboatsje mei Sietske Faber. Wy winskje harren de aldermoasite dei fan harren libben ta!
De nije SDS-League
Hjoed is it de lêste dei om de nije SDS-League yn te leverjen. Dit kin oant 20.00 oere fannejûn. der binne ynmiddels al sa’n 27 teams ynlevere.
Opfallend is dat der al fjouwer lju binne wêr fan de foarnamme mei in A begjint de SDS-League ynlevere hat en noch net ien w6er fan de foarnamme begjint mei in Z.

Harsens derby (2411)
‘Tikkie werom, Jaap ‘!
Toronto FC concede one of the strangest own goals you will ever see 😮 pic.twitter.com/Ud4ouuZIJg
— TSN (@TSN_Sports) September 9, 2026


