Weppers freed 11-4

Weppers tongersdei 10-4
10 april 2008
Seleksjes 12 en 15 april
11 april 2008

Blesseard
Geert Dijkstra rekke justerjûn sneu blesseard tidens it trainen by SDS 2. Yn de warming-up wie hy efkes rêstich in bal oan it oertraapjen doe ’t hy plots in lange bal krige. Geert draafde efterút, mar it fjild blike lytser te wêzen dan hy tocht. Hy knalde oer it hek hinne en foel krekt net yn de sleat. It seach der ûngefear sa út(klik hjir).
Geert hie flink lêst en hat hjirnei net mear traind. Wy hoopje dat hy gau wer fuotbalje kin. Betterskip tawinske!

Seleksjes
Der is sneon wat in suterich senioren programma: Allinne SDS 4 en 5 sille los yn Wytmarsum en Tsjom. Letter hjoed de seleksjes.

Kantine
De jeugd en de froulju fuotbalje sneon thús. Nei twa oere is der gjin programma. De kantine is wol iepen want de útspyljende ploegen wolle miskien dochs noch wol efkes sitte.

15 man
It wie wer in goeie trainingsjûn foar SDS 4 en SDS 5. “Moai waar spilers” waard der sein. It fjild wie no prima en de winnende goal waard makke troch ….âld.

Telle
Wij stelle foar dat Coen Rameau yn de lear giet bij Aad de Mos. Want Aad kin oergryslik
telle en rekkenje en dat kin Coen net. Seker at er kopte doelpunten makke wurde dy’t dûbel telle, dan is Coen der hielendal ôf.
Foar it flokken hoecht er net op kursus. Dat behearst hij te
goed.

Aginda
Wy hawwe de aginda wer wat bywurke. De data foar de neikompetysje steane hjir no ek yn. Hawwe jim noch wat foar yn de aginda mail it dan nei info@vv-sds.nl. Sjoch hjir foar de aginda foar de kommende tiid.

Ynhelwedstriden
Woansdeitejûn binne der ferskillende ynhelwedstriden foar de jeugd yn Easterein west. Wij binne noch altiten tige benijd nei de útslaggen en karakteristiken. Mail se nei dizze adressen.

Fluitsje
Miskien is it foar Douwe-Dirk Reitsma, Jelle de Boer, Friso Albada, Enne Bruinsma of André Vink ris in ideetsje om op dizze manier te fluitsjen. De krante sil yn elts gefal helle wurde(klik
hjir).

Einstân eredivysje
Yn de winterstop koenen jim by ús in foarsizzing dwaan oer de einstân fan de eredivysje. Dit wykein sille wy sjen wa ’t der oan ’t no ta it tichtste by sit en hoe ’t wy te wurk gean sille om te bepalen wa ’t wint. Der dogge 15 persoanen mei oan de foarsizzing. It liket derop dat Sjoerd van Beem der oan ’t no ta it tichtste by sit:
Sjoerd syn einstân:       De stân fan hjoed:

1 PSV 1 PSV
2 Ajax 2 Ajax
3 Feyenoord 3 NAC
4 FC Twente 4 FC Twente
5 SC Hearrenfean 5 SC Heerenveen
6 AZ 6 Feyenoord
7 Roda JC 7 FC Groningen
8 FC Groningen 8 Roda JC
9 NAC Breda 9 NEC
10 FC Utrecht 10 Vitesse
11 Vitesse 11 FC Utrecht
12 De Graafschap 12 AZ
13 VVV 13 Heracles
14 NEC 14 Sparta
15 Sparta 15 Graafschap
16 Heracles 16 Willem II
17 Excelsior 17 VVV
18 Willem 2 18 Excelsior

SDS Tassen Registraasje Systeem (TRS)
Wy hawwe al in hiel soad, mar noch net allegear. Mail je tasnûmer nei info@vv-sds.nl!


Hy is moai(6)

Yn de Amsterdam Arena koe hy net maklik skore en ek yn de Kuip slagge it net best. Yn Dútslân slagge it ús Grykse freon Charisteas better: