Midsimmercup 2008
De sealfuotballers fan SDS dogge dit jier ek wer mei oan de Midsimmercup yn Dronryp. As ús bronnen it goed hawwe dan wurdt dit ferspile op sneon 7 juny.
Futsal: SDS 1 spilet lyk
De futsallers fan SDS 1 hawwe justerjûn harren lêste wedstryd fan it seizoen lykspile tsjin Leeuwarden 1. It waard 4-4. Leeuwarden naam hieltiten in foarsprong, mar nei de 4-2 koe SDS dochs noch werom komme. Jildert(2x), Peter en Skelte makken de goals.
Futsal?
It is noch net wis hoe ’t it folgend seizoen komt mei SDS Futsal 1. Inkelde jonges binne fan doel om op te hâlden, inkelde witte it noch net en al sa mear. Heechstwierskynlik moatte der wer wat jonges by.
Sensuer
By VV Nijland dogge sy oan sensuer. Wa ’t juster it ferslach lêzen hat fan de wedstryd tusken CVVO 2 en Nijland 2 en dat hjoed wer docht merkt dat der in bepaald stik ferdwûn is. Ra,ra hoe kin dat(klik hjir). Moatte wy Nijlân no foartaan ek boykotte?
Aktie by Aktiesport