Weppers freed 10-9

Weppers tongersdei 9-9
9 september 2010
Seleksjes 11-9
9 september 2010

Gjinteam foto SDS 1
It eardere berjocht oer de teamfoto fan SDS 1 blykt net te kloppen. Wij krije fan Dirk Yde troch, dat net moarn mar nije wike de fotosesje is. 

Seleksjes
Wij tinke dat de seleksjes
foar sneon wer kompleet binne fan de 5 seniorealvetallen. 5? Ja,want SDS 5 hat wer ris lêst fan in útstelde wedstriid. Letter hjoed in oersicht.

Foto’s
Us mailboks siet nei it ôfrûne wykein noch net fol mei alvetalfoto’s. Dus lieders en/of âlders at jim yn de gelegenheid binne, meitsje sneon efkes in alvetalfoto, sadat wij ús side wer bij de tiid bringe kinne.

Fan fier
Sa no en dan meie/moatte wij gasten fan bûten de provinsje wolkom hjitte. Ek sneon is dat it gefal. SDS 4 moat tsjin Olde Veste en dy komme út Stienwyk.

3 à 4 koprinners
Foar wa ’t fan ‘e wike efkes op Voetbal.nl sjoen hat is it gjin nijs mear. Mar leafst 3 senioareteams fan SDS boppe-oan. It giet om SDS 4, 5 en Da 1. SDS 6 stiet op doelsaldo 2e. Dit liket derop. Wêr ’t dy oare teams steane? Dan moatte jim sels mar efkes sjen op
Voetbal.nl…….. Of miskien wol leaver net….

Wol skorst/net skorst
Jaap Toering krige ôfrûne sneon in (ûnterjochte?) reade kaart yn de wedstryd tsjin Heerenveense Boys 1. Hy hat fan de KNVB in skorsing ien wedstryd skorsing krigen. Om ’t SDS 1 ôfrûne moandei bekere hat tsjin De Wâlde 1 sit Jaap syn skorsing der dus alwer op en mei hy moarn alwer keepe.

Rûnom Easterein
Beste fytsleafhawwer, 
Sa giet der in jier foarby en giet de fytsklassiker Rûnom Easterein alwer syn 8e edysje temjitte en wol op   Snein 10 oktober 2010. 
It parkoers fan sa’n 13 kilometer, mei de start foar Kafee Bergsma, liedt ús lâns Itens, Rien, Reahûs,
De Kliuw en wer Easterein. Fansels fytse we ek wer troch de kroech hinne!
Wat oars is as de ferline jierren is de yntroduksje fan ferskate fytsklassen. Jim kinne jimsels dit jier
opjaan foar de folgende klassen:
Manlju
• Topklasse (3 rûntsjes, foar de écht rappe jonges ûnder ús)
• A-klasse (3 rûntsjes, foar de wat minder snelle fytsers)
• Dikke-banne-klasse (2 rûntsjes op in gewoane fyts dy’t wol fersnellingen ha mei, mar gjin racefyts)
Froulju
• Topklasse (2 rûntsjes, foar de froulju op in racefyts)
• Dikke-banne-klasse (2 rûntsjes op in gewoane fyts dy’t wol fersnellingen ha mei, mar gjin racefyts)
Wichtich hjirby is wol dat jim by opjefte sels oanjaan moatte yn hokker kategory jim starte wolle!
By twifel hâldt de organisaasje it rjocht om yn te gripen!
It programma fan dizze dei sjocht der sa út:
13.00 oere     Sammelje by Kafee Bergsma en mei-inoar spagetty ite
15.00 oere     Start fytswedstriid (yn ferskate klassen)
 
Nei ôfrin is der live muzyk yn Kafee Bergsma!
 
De kosten foar dit spektakel binne  €15,-, dit is ynklusyf it iten. Derby moat eltsenien sels foar in (race)fyts soargje. Let wol, dielname is wol gehiel op eigen risiko!
Sjogge jim it sitten om dizze útdaging oan te gean? Jou jim, manlju én froulju, dan no op by
Dirk-Yde:
dysjaarda@gmail.com. Wy hoopje fansels op in protte dielname!
Opjefte kin oant 3 oktober! 
Mei sportive groetnis, 
Anne, Dirk-Yde, Feite en Robert
P.S. Graach nei opjefte sa snel mooglik de ynlis fan € 15,- foldwaan oan ien fan de kommisjeleden!

Harsens derby(289)
Dit koste hjoed de bondscoach fan Portugal syn baan.


Letter hjoed mear!