Weppers freed 10-4

Weppers tongersdei 9-4
9 april 2009
Seleksjes 11-4
9 april 2009

Gjin skeids?
Beste mensen,
Komende zaterdag hebben SDS 3 en SDS 5 geen scheidsrechter.
Sjoerd is inmiddels geblesseerd en een vervanger zal vanuit de club moeten komen. 
Zelf heb ik het op dit moment te druk om hier achteraan te gaan. 
vriendelijke groeten, 
Andre Christiaan

Seleksjes
letter hjoed kinne wij foarloapige seleksjes bringe. It kealle justerjûn swier. Suver te min of krekt genôch minsken. Der sil hjoed noch wat bebelle wurde moatte.

Debút
Sneon makket Gerrit Terpstra syn debút. As flagger bij SDS 1 tsjin Oeverzwaluwen 1.

Jarco hjoed wer nei hûs
Hjir efkes wat nijs oer Jarco.
Hjoed (tongersdei) is hy operearre oan syn brutsen foet.
Hy hat platen en skroeven yn de foet krige wêrmei goed herstel befoardere wurdt.
Fannacht moat hy noch yn it sikehûs bliuwe om’t hy nochal wat pine hie. Moarn komt hy wer nei hûs.
Tongersdei 16 april wer foar kontrôle en dan wierskynlik ringips. Dan is hy dernei wer wat mobyl.
Groetnis,
Klaas

Troukaarten
Lieuwe Jan van der Brug wie de lêste tiid op tongersdeis altiten wat oan de lette kant foar it trainen. Coen Rameau freget dan ek hieltyd at “er troukaarten skriuwe” moast.
Juster wie Lieuwe op tiid en hij koe melde dat hij op 15 maaie yn de lange hier giet.
Coen wie juster te let op de training. It sil dochs net sa wêze dat ……..

Letter mear