Weppers freed 1-12-2023

Douwe Posthuma folgend seizoen trainer fan SDS 1
29 november 2023
Sneon 2-12-2023
1 december 2023

Jûn net los….

SDS VR 18+1 soe jûn yn Menaam los om kampioen te wurden. Dat wurdt allinnich neat, want it is ôflast.

Jûn ek net los…

SDS 18+1 soe jûn yn Wytmarsum los om kampioen te wurden. Der kin yn Wytmarsum allinnich jûn net fuotballe wurde om it snie op it keunstgersfjild. Dat wurdt dus neat.

Nijland 1 – SDS 1

It binne altyd spesjale wedstriden tusken Nijland `1 en SDS 1, ek al hat it ferskil op de ranglist net faak sa grut west.
Yn Nijlân begjinne se op de normale tiid 14.30 oere. As it fjild it ta lit yn elts gefal. Nei de tiid draait ús maat DJ Heavy P. plaatsjes yn De Mande.
Dizze seleksje fertrekt om 13.00 oere: Gert Jan, Niels, Sietze, Bauke, JP, Wierd, Matthijs, DJ, Gerbrand, Erik, Lourens, Stan, Peter en Remco.

GAVC 2 – SDS 2

SDS2 giet op wei nei Grou.  SDS 2 kin wol wer ris 3 punten brûke. Mooglik dat se dy pakke kinne tsjin in tsjinstanners dy earder altyd op snein balle.
Om 13.30 soe it los gean kinne.
Dizze seleksje fertrekt moarn om 12.00 oere út Easterein:
1. Eeltsje
2. Robin
3. Arjen?
4. Jurjen
5. Wessel S
6. Tom
7. Steven
8. Wessel w
9. Jeffrey
10. Tim
11. Tjitse ?
12. Redmer
13. Jens
14. Jelmer B
15. Lieuwe

Hooplik hat Sinteklaas in sek fol punten foar Samir.

SDS 3 – Bakhúzen 2

SDS 3 stiet kreas yn de middenmoat, Bakhúzen stiet yn de ûnderste helte. Kin SDS 3 op it keunstgers yn Easterein ek skitterje. Om 14.30 begjint it.
De seleksje:
Gjelt
Jochem
Jildert
Gerben
Jasper
Ate
Marco
Kees
Wiltsje
Leon
Aiso
Jorrit E
Jorrit V
Doede
Harm

TOP 2- SDS 4

De kâns dat dizze wedstriid trochgiet, achtsje wij hiel lyts. Yn Toppenhuzen begjin meast if ôflassen at it wat wiet en wyt is. TOP 2 hat op sneon 23 septimber foar it lêst thús balle. By SDS 4 is it oarsom. Sy hawwe yn de earste kompetysjehelte noch mar ien kear út balle…….
Om 12.00 oere soene se útein.
De seleksje: Jelte, Dennis, Feite, Harm, Ids, Jan-Simon, Mark, Klaas, Peter, Robert, Ronny, Tjeerd, Willem, Sije en Jildert.

De Grutte Klupaksje

De lotting foar de Grutte Klupaksje hat west. Binnen SDS binne der ek prizen fallen. Jim kinne hjir je lotten neisjen.
De Grutte Klupaksje hat SDS in moai bedrach fan 480 euries oplevere.

Oprop

Sykje de 2 ferskillen


Bron: út it blaue part fan de Greidhoeke….

Harsens derby (2210)

Ho………