Weppers tongersdei 31-10
30 oktober 2013Seleksjes sneon 2-11
31 oktober 2013Seleksjes
Letter hjoed de seleksjes fan de senioren en seker ek dy fan de A’s.
Programma
It programma fan sneon sjocht der no noch sa út.
Efkes Balje
At Pluvius it net ferknalt hjoed, is der gewoan in Efkes Balje edysje om 19.30 oere.
Ôflast
Miskien wurde der moarn noch wat wedstriden ôflast y.f.m. te wiete fjilden. SDS 4 giet yn elts gefal no al net troch. Dit hat neat mei de fjilden te krijen, mar iets mei ONS 5.
Net ôflast
SDS 2 sil wol net ôflast wurde moarn. Sy mei op it “RIK”-fjild by The Knickerbockers. Wy nimme oan dat dat it keunstgersfjild is. Wolle je der dus wis fan wêze om moarn in fuotbalwedstryd te sjen dan kinne je it beste yn de bus mei nei Grins. En dat foar mar 10 euries. Je kinne je opjaan by Bote Strikwerda(bote_6@hotmail.com).
De bus fertrekt om 9.45 út Easterein en fertrekt om 17.00 wer út Grins.
Sûnder trainer
SDS 1 mei moarn om 14.30 thús fuotbalje tsjin SC Stiens. Wy binne benijd wa ’t der by SC Stiens de koach wêze sil, want trainer Rob de Jong is fan ‘e wike opstapt(klik hjir).
Doede op Papendal
Hjirby noch it ferslachje fan Doede op Papendal.
In prachtige belibbenis. D’r wiene sa’n 140 jonges by de categorie 7 oant 8 jier. Om ris op Papendal te sjen wie al fantastisch fansels en dan ek noch traine op de Vitesse fjilden! It wie in prachtige dei, in soad erfaring opdien en ek noch in grutte beker fertsjinne!! Al mei al geweldich. Klaas en Suuske
Tsjoch
Tsjoch dat is in goed frysk wurd foar “proost”. Tsjoch is ek in festival mei Frysktalige muzyk. In grut ferskaat oan artisten treedt dan op. Dit jier wurdt it festival foar de twadde kear yn it Dielshûs yn Wommels holden. Yn 4 ferskillende sealen kinne je tegoed dwaan oan fan alles en noch wat. Sjoch hjir foar it programma.
Harsens derby(1147)
Spesjaal foar Ayanle; de “no-look-panna”: