Weppers en seleksjes freed 16-5

Weppers tongersdei 15-5
14 mei 2008
Útslagen en weppers 17 maaie
16 mei 2008

Slotdei D, E en F pupillen
Fannemiddei is der foar de jeugd in ôfsluting fan it seizoen. Fansels bart dat op sportive wize.
Om 16.00 begjint it en om 19.00 is it wer dien. Yn dy trije oeren is der in spullensirkwi en wurdt der wer striden om de penaltybokaal. En fansels is der patat en drinken.
Âlders, freontsjes, pakes en beppes, omkes en tantes, buorlju en oare belangstellenden binne fansels ek fan herte wolkom.

SDS 2   (sneon om 13.15 der wêze, fuotbalje om 14.30 foar de neikompetysje tsjin Hardegaryp 3 )
Floris, Jildert, Arjan P., Dennis, Marten, Jan Simon, Stefan, Donny, Redmar, Hjalmar, Sybren, Willem, Remco, Wichard en Wouter.

SDS 3   (sneon om 12.45 Fuort – 14.30 fuotbalje tsjin Q.V.C 2)
Jan “never on tuesday” Stenekes, Sjoerd, Jelte, Anco, Jentsje, Kasper, Arjen v. P., Ralph, Jeroen W., Ronny W.,S. Kooistra, Gearard en Eeltje.
 
SDS 4  (sneon fuotbalje om 14.30 thús tsjin Tsjom 2)
Johan, Erwin, Lieuwe, Ivo, Bas, Romke, Rinse, Coen, Willem, Tiemen, Jeroen L. Ids en Gerlof V.

Gewoan om 14.30
SDS 2 soe mooglik sneontejûn om 18.30 fuotbalje. Dit wurdt him allinich net. De wedstryd tsjin Hardegarijp 3 is dus gewoan om 14.30. De earste wedstryd is yn 1-1 eindige, dus SDS 2 sil no winne moatte om yn de finale fan de neikompetysje te kommen foar in plak yn de 1e-Klasse.

Alderaardichst
Hierbij wil Nijland 2 het tweede van SDS alle succes toewensen om zaterdag een goed resultaat neer te zetten wat moet leiden tot  promotie naar de reserve 1ste klasse.
Spelers en begeleiding Nijland 2.

Better op sneon?
It foldocht SDS 3 better om op sneon te fuotbaljen dan op tiisdei neffens de ferhalen. It is op sneon allinnich al dreger om fuotballers te krijen. As wy de lieders fan SDS 3 leauwe moatte giet dizze fliger fan ‘e wike net op. Om de seleksje fan SDS 3 foar ôfrûne tiisdei klear te krijen moast Wichard neffens eigen sizzen 45 man skilje. Jappie hoechde juster “mar” 40 man te beljen om 13 man op papier te krijen……….

SDS League
It prizenjild fan de ôfrûne SDS League is juster oermakke en kin opmakke wurde.

Fan herte lokwinske!
VV Oudega bestie juster eksakt 60 jier en stiet dêr dit wykein efkes by stil(sjoch hjir). Fan herte lokwinske!

Mest
Yn Hengelo by HVV Tubantia dogge sy mei oan in proef om urine fan taskôgers te ferwurkjen tot kuenstmest om dêrmei foar in griene gêrsmatte te soargjen. Stoffel wit ús nei jierrenlange erfaring te fertellen dat as je it net ferwurkje tot kuenstmest en je wol it fjild der mei besproeie, it fjild der net grien, mar giel fan wurdt…………(klik hjir).

It leren “monster”?
Je witte hoe ’t it giet. Eltse kear op trainen begjinne je mei 11 ballen en oan it ein binne je altiten deselde bal wer kwyt. Justerjûn wie dit nei it trainen fan SDS 2 ek wer it gefal. Alle spilers gienen nei in hoeke fan it fjild om dy iene bal te sykjen. Lang hoefde der net socht te wurden, want Ralph seach de bal yn de fierte yn de feart lizzen en gie der op ôf. Doe ’t alle spilers wer byinoar stienen om op Ralph te wachtsjen seagen sy dat hy wat beteuterd  werom kaam sûnder bal. “Wêr is de bal?”, frege Hylke. “No”, seit Ralph, “it wie net in bal, mar in bist”. Dennis strûpte mouwen op en gie op syk nei it bist en ynderdaad it wie in hiele gefaarlike…………….

Mochten jim Ralph no binnenkoart fuotbaljen sjen mei in wite kat as ein, warskôgje him dan asjeblieft efkes…….

Tiid oer
Foar de minsken dy ’t tiid oer hawwe, wat handich mei de mûs binne en fan ’t simmer graach nei it EK-fuotbal wolle is dit miskien wol wat(klik hjir). Wy binne benijd nei jim skores.

Eigen goals
Sy binne wer de muoite wurdich……

  
Nijs of oars wat?
Nijs, eigenaardichheden of oare dingen dy ’t wy witte moatte kinne jim maile nei dizze adressen.

Letter hjoed miskien noch wol in bult weppers!