Wepperkes(woansdeitejûn)

Wepperkes(woansdeitemiddei)
21 april 2004
SDS League: Feenstra Boys dik op kop.
22 april 2004

Fuotbalskuon

Hy hat dit jier al safolle prizen wûn. Leuk fansels, mar je wurde der net echt better fan. Nee, de skuon wurde der just minder fan. At de binnenskoech los leit fan de bûtenskoech dan binne je oan nije skuon ta. Net gelyk fansels, je sjogge earst at je de skuon ek brûke kinne fan in lieder dy’t bygelyks blesseard is. Úteinlik sil je dan dochs nei de winkel moatte mei in platte beurs. Je binne dan fansels bliid dat Scapino in grutte koer stean hat mei spul dat fuort moat. Je kinne foar 5 euro wat útsykje. Je hawwe dan fansels gelok dat er ek noch in pear fuotbalskuon bylizze fan ûngefear je eigen maat.

Dan treffe je it wol en it makket dochs net folle út dat dy skuon feitlik net byelkoar passe, want de noppen binne ferskillend en de iene liket ek wat rommer te sitten as de oare. En de kleur, in kniesoor dy’t dêr op let. Nee, je binne foar in keapke klear en kinne it seizoen seker wol útfuotbalje.

Skutsjesilen is myn nocht

Dat SDS 5 kampioen wurdt dêr twifelt net ien mear oan.. Mei noch 6 wedstriden te gean hawwe sy noch 5 punten nedich. It feit dat se dit seizoen mar ien kear ferlern en nea gelyk spile hawwe, moat dy stelling ûndersteune.

It kampioensfeest is al organiseard. Spontane útbarstings dêr litten, is der op 15 maaie in kampioensfeest. De hiele ploech sil fanút Aldegea der mei in skûtsje op út en de nacht trochbringe op Sanfirden. Dêr sil in beskieden resepsje holden wurde, sa as it no liket.

Muzikaal sil it gehiel op fleurd

wurde troch it koar de Babbelaars.

 

Opropkrêften

Yn it bewarnummer fan ferline jier stiene 11 fuotballers yn de rubryk opropbaar.

Dat binne de grutte leafhawwers, dy’t net alle sneonen kinne of hast nea op sneon kinne, of langsum ôfbouwe wolle of graach de Treffer lêze en dêrtroch lid bliuwe.

Der hawwe jierren west, dat er oates en toates in berop dien wurde moast op harren. No, hast oan de ein fan it seizoen moatte wy konstateare dat de measte fan dy spilers de fuotbalskuon net oan hân hawwe. Omdat er altiten genôch of te folle spilers wiene.

 

Henk Postma

De lêste wiken is Henk Postma aardich op dreef. Mei syn trije doelpunten tsjin Oeverzwaluwen hat hy it twadde plakje ynnommen op de list.  De kans dat hy Knabbel de Boer noch ynhellet, likt net grut. SDS 5 moat noch 6 wedstriden. Sjoch foar de komplete list by senioren.

Smaakplysje
Fannejûn seagen wy (hiel per ûngelok want dy C.L.wedstriid wie kloaten) “De Smaakpolitie” op SBS 6. Hjir kamen wy in bekende tsjin. De freondinne fan spiler fan SDS 1 Jan Simon Jelsma, Anneke van Beem wie der foar. Sy hie der foar soarge dat alles der goed útseach yn de keuken fan har baas. At sy thús yn ‘e keuken ek sa skjin is dan hoefe wy der net oer yn te sitten dan Jan Simon ek mar ien wedstriid hoecht te missen omdat hy oan ‘e skiterij is troch bedoarn iten fan Anneke. Anneke krige dan ek mei rjocht de “Smaakplysje OK sticker”. Anneke fan herte!

Nije stân SDS League
Moarn kinne jimme hjir yn ‘e rin fan ‘e dei de nije stân fine fan ‘e SDS League.