Evenementen in december 2022

Freonen fan…
26 december 2003
De freonen fan SDS
28 december 2003

It is winterstop en dan is der net folle te melden. Dêr kinne wy as redaksje net folle oan dwaan, al hoe graach wy dat ek woene. Wy roppe de SDS leden dan ek om wat te dwaan wat it fermelden wurdich is. Bygelyks:

 

Troue:

Nim in foarbyld oan Jan Keuning (SDS 4) dy’t de winterstop brûkt om te trouen. Op 22 desimber is hy troud mei Karen út Drylts. It wie ús al opfallen dat hy as in kypmantsje begûn te rinnen. It is moai dat SDS no ek in lid yn Drylts hat en hâldt.

 

Reizgje:

Nim no Frans Piter Terpstra (SDS 4) dy’t sa moai op it 5de plakje stiet fan de topskoorderslist mei 7 doelpunten. Op 21 novimber is hy op toertocht gien troch de wrâld, sa meldt in tige nijsgjirrich ferhaal yn Diggelfjoer it doarpskrantsje fan Wommels.

Hy is no yn Australie en sil noch nei Nij Seelan en Thailân. It is spitich foar syn maten fan SDS 4: hy mist jim noch net echt.

 

Keatse:

Nim no Bertus Bootsma (SDS 5) hy seit altiten dat er syn enerzjy kwyt moat. In winterstop is foar in dan ek in ramp. Gelokkich koe hy sealkeatse op 27 desimber en mei gefaar foar eigen libben wist hy keatsend, dravend en dûkend de earste priis te heljen. Ek syn maten Kees Koopmans en Aant Hofstra (SDS 5) hiene de earste priis en kamen dochs noch mei in krâns thús yn 2003.