Wepperkes -woansdei-

Wepperkes -tiisdei-
16 januari 2006
Nijs fan de aktiviteitenkommisje!
18 januari 2006

Futsal
Jûn wurdt der wer folop sealfuotballe. Dit is it programma:
*ZVF 1 – SDS 1 om 20.30 yn Frentsjer.
*SDS 3 – Bolswardia 3 om 20.30 yn Easterein.
*SDS 2 – Renado 1 om 21.30 yn Easterein.

Fjilden min?
SDS 1 hat justerjûn net oefene tsjin Easterlittens 1. De wedstryd gie net troch om ’t minne fjild yn Easterlittens. Der waard ek net traint. Anne Brouwer keurde it trainingsfjild yn Easterein ôf. SDS 2 en 3 hawwe wol traint yn Easterein(?!).

Nijs fan C1
De treningen binne juster 16-1 wer begûn en yn it kâlde en wiete waar wienen der 13 fan de 14 spilers. Dat is fansels in poerbêste start fan it foarjier en dermei jouwe de jonges oan dat hja der wer sin oan ha. Fred Scheltema is ophâlden as trainer fan C1. Lâns dizze wei wolle wy Fred tank sizze foar syn ynset! Yn syn plak traint no op de moandei Gert Jan Hiemstra. Op woansdei traine om de beurt Wouter Hylkema en Stefan van Krimpen. We sjogge it foarjier mei fertrouwen temjitte en winskje spilers en trainers in soad sukses.
(KP)


Aktiviteitenkommisje
De aktiviteitenkommisje is drok dwaande om wat te organisearjen. Jûn kinne jim der mear oer lêze.

Net fit
Gert-Jan Hiemstra hat noch altiten lêst fan ‘e knibbel. Hy sil binnenkoart nei it sikehûs foar in 2e miening fan in deskundige. It fuotbaljen wurdt dit seizoen neat mear. Hielendal stopje mei fuotbaljen is foar Gert-Jan seker gjin opsje. Wy kinne him dus wer op ‘e fjilden ferwachtsje!
Gert-Jan, sukses mei dyn herstel!

Hel
Alle lifters binne werom út Hel en begjinne harren no hieltiten mear te herinnerjen fan dizze barre tocht. Teade de Boer hat wat op it net setten en hat der lyk wat foto’s by setten om alles wat te ferdúdlikjen. Dit ferslach stiet op de webside fan Versuiteigenoven. Klik hjir om nei de webside te gean en sjoch by “Liftend naar (de) Hel”.

Skerp
“Wa’t skerp sjocht, sjit net altiten mei skerp” dat is in útspraak dy’t wierskynlik wol kloppet, mar je kinne ek sizze “wat’t net skerp sjocht , sjit seker net mei skerp”.. Bij Ajax witte se net hoe’t it no kin dat er net folle skoord  wurdt.  Dêr dogge se no ûndersyk nei. Alle spilers moasten nei
de eachdokter. Utsein Blind. Dêr is de de útslach wol dúdlik.

SDS League
It is in hiel wurk om de SDS-League wer foar elkoar te krijen. Tink je dat je de goeie seleksjes hawwe en dan giet der wer in spiler fuort. Klik hjir om de transfers oan ’t no ta te besjen. Neffens ús bronnen stean der mear spilers op it punt harren klup te ferlitten:
*Samaras(nei Manchester City of dochs United?)
*Hoogendorp(nei SC Heerenveen?)
*Van Hooydonk(nei Feyenoord?)
*Hasselbaink(nei PSV?)
*Rosales(nei River Plate?)
*Jenner(nei Ajax?)
*Caluwé en Ramzi(nei FC Utrecht?)
Wy hoopje dochs dit wykein de nije formulieren foar de SDS-League klear te hawwen. 

Trije krúskes
At je 30 wurde, hawwe je 3 krúskes te pakken. At je Ajaksyd binne, sjogge dy krúskes der sa út.


SDS.org
SDS hâldt him net allinne bezich mei fuotbaljen. Wy binne ek hiel begien mei it lot fan ús neisten. Sjoch mar ris op
www.SDS.org!  

Letter mear!