Wepperkes -tiisdei-
21 juni 2005De "drekfytser".
25 juni 2005Nije leider
No ’t Willem Overal ophâlden is as leider fan it 1e sealteam fan SDS moat der ek wer nijen komme. Wy hoopje oan it ein fan ‘e wike syn namme bekend meitsje te kinnen.
Nije club
Âld-SDS-trainer Klaas Dijkstra wie net fan doel om kommend seizoen in ploegje te trainen. Hy rjochtet him hielendal op syn stúdzje foar dûmny. Wy hienen sels sa tocht dat miskien sneons-6e-klasser De Vogels út de stêd Grins wol wat foar him wie. Hy kin dan moai syn bibelstúdzje mei it fuotbaljen kombineare. Klik hjir mar ris. Anne Brouwer hat al oanjûn dat hy meigiet as leider om de bibels út te dielen.
Teamyndielingen senioaren
Wy wolle sa graach de teamyndieling bekend meitsje mar witte noch fan neat. Derom dogge wy mar wat ferûnderstellingen.
Hendrik de Jong sit fansels gewoan wer by SDS 1. Ien kear yn de twa wiken moat hy wurkje op sneon sadat hy him moai oplade kin foar de sneon dat hy al fuotbalje kin.
Douwe Kool giet nei SDS 4. Hy nimt dêrmei it plak yn fan Eddy de Boer. Wy hawwe bij tafal sjoen dat Eddy syn skoarend fermogen en ynsicht oerdroegen hat oan Douwe. Douwe hie de snelheid al fan Eddy.
Piet Baantjer giet nei SDS 4: der is lang oersputsen at dizze hast 48 jierrige jonge heit de oerstap meitsje moast. De kâns dat hij by SDS 4 yn de tredde helte mei ploechgenoaten prate kin oer de smoarge ruften, fopspinen en boarstfieding is net sa grut. Mar troch de oanwêzichheid fan Folkert Rients Vellinga bij SDS 4 is dat probleem tekkele. Folkert Rients is ek krekt heit wurden.
Trienus de Jong giet ek nei SDS 4. Hy hie in hiel ferfelend gefoel dat dy âlde Ype Burggraaff (hast 55 jier , ek wenjend yn Lollum ien alvetal heger spilet. In drigement om werom te kearen nei Mulier (it twadde of earste) iwe genôch.
Wichard Deinum giet nei SDS 3. It docht bliken dat hij him hjir ynkocht hat troch ta te sizzen dat er de wedstrydferslaggen dan SDS 3 meitsje sil.
Teamyndielingen junioaren en pupillen
De teamyndielingen foar de junioaren en pupillen binne klear. Dizze wurde allinne net earder bekend makke as yn it bewarnûmer fan de Treffer. Dizze komt yn augustus út. Oan ’t dy tiid kin der noch fan alles feroarje by de junioaren en pupillen. Dêrom wurde sy dan ek net earder nei bûten brocht.
Nije auto’s
De Belgische collega ’s fan Piet Baantjer hawwe nije auto’s oanskaft.
Ite en switte
Hoelang moatte je dan wol net fuotbalje nei al dy fleskes op de Eastereiner feesten?????????????