SDS League: Pieter Kamstra rint út!
10 november 2004Futsalnijs (tongersdei)
10 november 2004
Wat bedoelt Robert? Robert Sijbesma stuts de finger omheech tidens de wedstriid SDS-Zeerobben.Wy fregen ús ôf wat Robert bedoelde. Wy krigen wer in oantal leuke reaksjes binnen. Tige tank dêfoar.
Ik tink dat hy pisje moat, Hy hat de knibbels al stiif tsjin elkoar. Sa is’t op ‘e foto te sjen. Anco Elgersma skriuwt ús: ik tink dat Robert een kennis efter de achterline stean sjocht en efkes de tiid nimt dy te groetsjen, sosjaal man dat der is. Hy sjocht dat Hendrik en Feite harren wol rêde mei de tsjinstander……. 50 Gerard_cent skriuwt:
By it sjen fan dizze foto, sjit my in oar moment te binnen fan in âld SDS 1 spiler, destiids ek mei nr 11, dy’t net de han opstuts nei de skiedsrjochter om al as net tastimming te freegjen om efkes it fjild ferlitte te meien. Hy die it. By in aksje skuorde syn broekje. Hij wie yn ‘e buert fan de hoekskopflagge en ticht bij it klaaihokje. Yn syn tas siet noch in oar geef swart broekje dat die hy oan en soe wer it fjild yn. De skiedsrjochter hie yn it earstoan neat sjoen mar waard der opmerksum op makke. Hy die der nochal moeilijk oer, mar lang om let mocht de spiler der dochs wer yn. 1980 Kampioenswedstriid Delfstrahuizen – SDS Namme spiler .. Wa’t it wit kin ús maile: info@vv-sds.nl Futsal SDS1 spilet jûn in wichtige wedstriid yn de seal yn Easterein. Wat help fan supporters kinne se wol brûke. De nr lêst komt op besite en om dy dêr te hâlden is in oerwinning foar SDS wol nedich. om 21.00 oere. Komme dus. Goeie spilers Soms heare je fan oare klups ek leuke dingen. Sa gie Sneek 2 ferline jier nei Geel Wit 2 ta mei moai wat spilers dy’t yn feite by Sneek 1 hearden. Sneek 2 of 1 wûn en de Amelanders wiene net bliid. Ferline wike moast Sneek 3 tsjin Geel Wit 2. Op Amelân hiene se de webside fan Sneek goed besjoen, hiene de foto útprinten fan Sneek 3 en kontrolearden oan de hân fan dy foto at it dizze kear wol snor siet. (en dat wie sa) |