Tom hat in broerke!!
3 november 2004Opstellingen SDS 1,2,4 en 5.
5 november 2004Futsal: SDS 1 ferliest
SDS 1 hat woansdei ferlern fan Futsal Club Leeuwarden mei 10-4. Doelpunten wiene der fan Tsjipke Klaas (3) en Harm Auke. Dizze lêste skoarde neidat hy 5 (!) man en de keeper foarby gien wie.
By SDS misten der nochal wat spilers. Harm(lêst fan ‘e rêch), Robert(skorst) en Willem(befallen) wienen der sowieso al net. Ek de ferfangers Gert-Jan, Feite en Jeroen koenen net. Úteinlik gienen Jan Simon, Peter, Tsjipke, Anne, Jacob-Klaas en Harm-Auke nei Ljouwert. In ferrassing foar de Ljouwerters dy ’t jammer genôch negatief útfoel foar SDS. Willem Overal wie alwer mei as coach.
Klik hjir foar de nije webside fan FCL, miskien komt der noch in ferslach)
Futsal: Ek SDS 2 ferliest
SDS 2 spile woansdeitejûn in teloarstellende wedstriid tsjin Renado. Der waard yn ‘e sporthal fan Easterein ferlern mei 2-6. Doelpunten wiene der fan Marten en Dirk- Yde.
Futsal: Wat docht SDS 3?
As jimme de útslach witte fan futsal 3 mail it dan efkes nei info@vv-sds.nl
Kenniskwis
Wichard is al drok oan it oefenjen foar de grutte finale fan de Kenniskwis op 8 jannewaris. Dit mailtsje krigen wy fan him:
hee willem,
ik ha al sin in de quiz op 8 janewaris,en it wurt in makje sjoch mar even
op de kennisquiz-site wa at der 9 keer in stiet.
Groetnis wicky
Jimme kinne hjirûnder sjen wa as der 9 kear yn stiet. Ik koe Wichard net fine.
*Voetbal International
*Voetbalkenners
SDS 2 de 1e periode?(2)
Juster seinen wy dat SDS 2 miskien de 1e periode pakt as HZVV syn ynhelwedstriid tsjin Zeerobben net wint. Wy seagen hjirby oer de holle dat ek Leeuwarder Zwaluwen noch net útskeakele is. It hinget ek noch fan hun wedstriid tsjin Noordscheschut ôf. Ek sy meie net winne. It wurdt dus noch in hiele toer.
(klik hjir om de stân fan de 1e periode te besjen)
Sneon SDS 1 – Zeerobben 1
Sneon spilet SDS 1 thús tsjin Zeerobben 1. Wy hoopje jimme freed de opstellingen fan beide teams jaan te kinnen. Mocht ien ús oan ynformaasje oer de Zeerobben fan sneon jaan kinne dan graach. Mail dit dan efkes nei info@vv-sds.nl.
(klik hjir om de krease webside fan Zeerobben te besjen)